Fryske boargemasters de greide yn foar belang fan freonskip

De boargemasters Sybrand Buma (Ljouwert), Jannewietske de Vries (Súdwest-Fryslân) en Marga Waanders (Waadhoeke) moeten inoar freed om te praten oer freonskip. Se dienen dat op it plak dêr't de trije gemeenten inoar kruse, op in pleats yn Easterlittens. De moeting is ûnderdiel fan de saneamde 'Karavaan van de vriendschap'. Dat wurdt al twa jier lang organisearre troch skriuwer en sjoernalist Simon Vuyk fan Harns.
Fryske boargemasters de greide yn foar belang freonskip
Vuyk sette begin dit jier útein mei de Karavaan van de vriendschap. In jier lang fytste hy alle earste freeds fan de moanne in rûte mei syn bakfyts. Doel dêrby wie om minsken byinoar te bringen en iensumens tsjin te gean. Troch de coronakrisis binne der guon etappen útfallen, mar yntusken is er wer dwaande mei syn toer.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De boargemasters Buma, De Vries en Waanders hawwe mei ynwenners út omlizzende doarpen in kuier troch de greide makke. Op it plak dêr't de trije gemeentegrinzen byinoar komme, holden se stil.
De trije boargemasters droegen in Frysk gedicht oer freonskip foar. Gitarist Bruno Rummler soarge foar muzyk. Fanwegen de coronamaatregels mochten minsken dêrby net meisjonge, wol koene se mei-neontsje en dûnsje.
Ferslachjouwer Timo Jepkema wie by de Karavaan van de vriendschap
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema