Noorderbreedte: "As wy net sels teste, kinne wy net de soarch leverje dy't we wolle"

As se net sels teste, dan kinne se by Noorderbreedte net de soarch leverje dy't se wolle. Dat seit Fokje van de Lageweg fan Noorderbreedte. Meardere Fryske soarchferlieningsorganisaasjes teste it eigen personiel, as se coronaklachten ha, en de útslaggen fan dy testen binne mei in pear oeren dúdlik. En dat wylst yn Den Haag noch útsocht wurdt oft soks eins wol mooglik is.
© Shutterstock
Neffens Van de Lageweg hiene se by Noorderbreedte gjin oare kar. "Oars krije we de besetting net mear rûn en kinne we de soarch net mear leverje dy't we graach wolle. Derom ha we sels de regy pakt, omdat we al oankommen seagen dat it oars yn de hjerst net goedkomme soe", seit Van de Lageweg.

MCL

De meiwurkers wurde moarns test by Noorderbreedte, wêrnei't it materiaal nei Izore brocht wurdt. Deselde dei komme de útslaggen al binnen. Ek by it MCL teste se sels de meiwurkers, en krije se de útslaggen deselde dei.
"We hebben dat besloten, omdat het via de GGD wat langer duurt en zorgpersoneel kunnen we eigenlijk niet missen. Dus als zorgverleners die we aan het bed nodig hebben verschijnselen hebben, dan testen we die in eigen huis en dan gaat het heel snel", seit Gerard Akkerman fan it MCL. Allinnich personiel dat yn de kommende 72 oer wurkje moat en oan it bêd wurket komt yn oanmerking. Famyljeleden fan dokters en ferplegers moatte harren gewoan teste litte by de GGD.
Ek by de sikehuzen Tsjongerskâns, Antonius en Nij Smellinghe teste se harren meiwurkers sels.
Gerard Akkerman fan it MCL en Fokje van de Lageweg fan Noorderbreedte