FIDEO: Hoe is it no mei vlogger Anke Bruin?

Boskwachter Anke Bruin stie yn april op in leech natuerkampearterrein fan De Lange Paal op Flylân. Yn har vlog fertelde se doe oer de frjemde situaasje op it eilân omdat der hielendal gjin toeristen wiene. No is dit byld hiel oars. Se nimt ús yn har vlog mei oer de camping.
Anke Bruin
Anke Bruin hat meiwurke oan it vlogprojekt 'Berjochten út it hert' fan Omrop Fryslân. In netwurk oan minsken út de hiele provinsje wei hat yn maart, april en maaie fideodeiboeken makke om yn de provinsje sjen te litten wat der krekt spile yn de coronakrisis.
Mear vlogs fan Anke Bruin en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.