Kazemattemuseum krijt unyk unifoarm út Twadde Wrâldoarloch: "Heel bijzonder"

04 sep 2020 - 16:52

It iennige unifoarm dat noch oer is fan de soldaten dy't yn 1940 fochten ha by de Wûnsstelling, de ferdigeningsliny tusken Surch en Makkum, hinget fan no ôf yn it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân. It unifoarm wie fan militêr Bauke de Jong, dy't yn maaie 1940 om it libben kaam.

De famylje fan Bauke de Jong hat it unifoarm al dy jierren bewarre. Baukes soan, Klaas de Jong, is yntusken 86 en wol it unifoarm graach fuortjaan oan it museum. Hy wie noch mar 7 jier doe't syn heit om it libben kaam. "Het uniform herinnert mij aan mijn vader. Ik was toen nog vrij jong, maar ik weet dat het een hele lieve man was."

Bysûnder ferhaal

It ferhaal fan militêr Bauke de Jong lit de oare kant fan de medalje sjen. Wêr't normaal faak ferhalen fan helden nei boppen komme, is it ferhaal fan De Jong dramatysk te neamen. De Jong wie ien fan de militêren yn de Wûnsstelling, in ferdigeningsliny fan Surch nei Makkum. It doel wie om de tagong ta de Ofslútdyk te beskermjen tsjin oanslaggen fan de Dútsers.

It ferhaal fan De Jong is yn dizze hiel tragysk, sa seit de konservator fan it Kazemattemuseum, Wim Stienstra: "Hij had een belangrijke rol als beroepsmilitair, hij was ook instructeur. Maar op het moment dat de Duitsers hier op 11 mei hun eerste verkenningen uitvoerde is hij in paniek geraakt en heeft het vuur geopend op eigen mensen. Ook op een burger."

Neffens de ferhalen wie De Jong sa yn de war, dat hy samar om him hinne oan it sjitten wie. "De commandant heeft toen opdracht gegeven hem neer te schieten, voordat hij nog meer slachtoffers kon maken", seit Stienstra.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Soan Klaas fynt it ferskriklik foar syn heit. "Ze hadden hem verteld dat Assen, waar wij toen woonden, door de Duitsers plat was gebombardeerd." Neffens Stienstra hat dat ien fan de redenen west dat hy it net mear by-inoar hâlde koe. "Hij maakte zich erg zorgen over zijn familie die in Assen woonde, waar de Duitsers al binnengevallen waren. Dat heeft wellicht een rol gespeeld dat hij in paniek raakte en het vuur opende op eigen mensen."

It museum is tige wiis dat it unifoarm mei it bysûndere ferhaal yn it Kazemattemuseum komt te stean. "Uniformen uit de oorlog zijn er nog wel, maar dit is een van de negentien gesneuvelden die hier op het monument staan. Mede daarom is het heel bijzonder", seit Stienstra.

De famylje fan Bauke de Jong is bliid dat it in moai plakje krijt. Soan Klaas: "Ik vond dat het nu tijd was om hem te gaan herdenken en ik vind het heel fijn dat we het hebben gedaan."

Ferslachjouwer Jantine Stoffers wie by it Kazemattemuseum

(advertinsje)
(advertinsje)