Wylst Den Haag útsiket oft it wol kin, ha Fryske soarchferlieners no al foarrang by coronatesten

04 sep 2020 - 22:00

Meardere Fryske soarchferlieningsorganisaasjes teste it eigen personiel, as se coronaklachten ha, en de útslaggen fan dy testen binne mei in pear oeren dúdlik. En dat wylst yn Den Haag noch útsocht wurdt oft soks eins wol mooglik is.

Foto: ANP

De GGD kin de fraach nei cotonatesten eins net oan. "We zien op dit moment dat het piept en kraakt", seit minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens dêroer. Hy seit dat er besjen wol oft it mooglik is om leararen en soarchpersoniel foarrang te jaan by in coronatest. Nei in rûngong fan Omrop Fryslân docht bliken dat by ús yn de provinsje in protte soarchferlieners yn de praktyk dy foarrang al krije, omdat de organisaasjes dêr't se foar wurkje in eigen teststrjitte ynrjochte ha.

It kabinet woe oant no ta gjin ûnderskied meitsje tusken de ferskillende beropsgroepen by it testen.

Ien fan de soarchynstellingen dy't in eigen teststrjitte hat, is it Ljouwerter sikehûs MCL. Dêr wurde no ekstra minsken oannaam, om de testen ôf te nimmen. Wurdfierder Gerard Akkerman fan it sikehûs seit dat de teststrjitte fan it sikehûs allinne bedoeld is foar personiel dat wurk docht dat beslist net thús dien wurde kin. Hy ferwachtet dat it sikehûs de teststrjitte noch langere tiid nedich hawwe sil.

Sjoch foar de aktuele stân fan it oantal besmettingen yn Fryslân en per gemeente op www.omropfryslan.nl/corona. De sifers wurde twa kear yn 'e wike aktualisearre. Op dizze side is ek in oersjoch te finen fan al it nijs oer de coronakrisis yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)