Selstraf ûnder betingst foar Ljouwerter dy't syn geslachtsdiel oan 5-jierrich famke sjen liet

04 sep 2020 - 15:49

In 27-jierrige Ljouwerter is troch de rjochtbank feroardiele ta in moanne selstraf ûnder betingst omdat er syn geslachtsdiel oan in 5-jierrich famke sjen litten hat. Dat barde ferline jier yn in winkel yn Boalsert.

Foto: Shutterstock.com

De Ljouwerter ûntkent it en seit dat er syn de knoop fan syn broek fêstmakke hie. De man waard twa kear earder feroardiele foar in sededelikt. Hy is alris twa jier yn in ynrjochting behannele en krige yn 2015 in ekstra lange proeftiid fan fiif jier oplein nei in twadde feroardieling.

De Ljouwerter hat in ferstanlike beheining en wennet ûnder begelieding. Hy moat him fan de rjochtbank melde by de reklassearring en moat trochgean mei de behanneling dy't er al folge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)