Ferdigenjende swierrichheden by SC Cambuur: "It wurdt kielekiele"

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur sil puzelje moatte om in opstelling te meitsjen foar de wedstriid tsjin MVV. Der ûntbrekke yn elk gefal fjouwer fan de acht ferdigeners by de Ljouwerters. Sven Nieuwpoort is noch in twivelgefal.
Trainer Henk de Jong
Mei Erik Schouten, David Sambissa en Alex Bangura binne der al trije ferdigeners langer blessearre. Dêr komt Kellian van der Kaap by, dy't freed op de lêste training mei in blessuere ôfheakke. Sven Nieuwpoort ûntbruts freed, mar neffens De Jong kin hy wierskynlik wol spylje. Dêrneist binne allinne Doke Schmidt, Jasper ter Heide en Calvin Mac-Intosch oer as ferdigeners. "It wurdt kielekiele, mar dan betinke we wol wat. Der binne wat twivelgefaltsjes, mar dy hawwe we der hjoed útlitten. It binne allegearre oare dinkjes, se hawwe tikken hân en dêr kinne je net safolle oan dwaan", fertelde de Drachtster nei de training.
Ferdigenjend moat De Jong puzelje dus, mar it middenfjild en de oanfal bliuwt itselde as ferline wike tsjin NEC.
Tsjinstanner MVV hat de ôfrûne simmer in hiel soad spilers ferlern, mar dochs behellen se ferline wike in knap lykspul by Almere City (0-0). Dat hat ek yndruk makke op De Jong. "MVV hie it hartstikke goed foarinoar. Taktysk wiene se goed en se besochten der rap út te kommen. Ik fûn it wol hiel knap. Wy binne warskôge."
Doke Schmidt
In ferdigener dy't tsjin MVV wol spylje kin is Doke Schmidt. Ferline wike spile er in goeie wedstriid tsjin NEC, wat der ta laat dat er yn it alvetal fan de wike stie fan de Keuken Kampioen Divisie. "Volgens mij wordt dit gebaseerd op statistieken. Dus dat betekent dat je wat dingen goed hebt gedaan volgens de statistieken. Normaal hecht ik daar iets minder waarde aan."
De seleksje fan de Ljouwerters giet moarn al betiid fuort rjochting Maastricht. Je soene sizze: as spiler is der net folle oan om sa'n fjouwer oeren yn de bus te sitten. Schmidt makket him dêr net sa drok om. "Dan kunnen we wat meer spelletjes spelen. Of je kijkt een Netflix-aflevering. We komen onze tijd wel door, dus ik zie daar geen probleem in."
Sven Nieuwpoort nei syn earste goal foar Cambuur tsjin NEC © Orange Pictures
De wedstriid tusken SC Cambuur en MVV begjint sneontejûn om kertier foar sânen. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget út De Geusselt yn Maastricht wei it kommentaar.
Der is dit wykein twa kear in Cambuur Sjoernaal. Sneon om foarút te sjen op de wedstriid tsjin MVV, mei dêryn ek in reportaazje oer bussjauffeur Evert van Dijk dy't de spilers nei Maastricht rydt. Snein is der in wiidweidich wedstriidferslach te sjen yn it Cambuur Sjoernaal.