Wurkstraf foar Jistrumer nei oanriding troch te hurd riden

04 sep 2020 - 15:24

In 19-jierrige man út Jistrum hat in wurkstraf fan sechstich oeren krigen omdat er goed oardel jier lyn yn Drachten in fytster oanriden hat. Neffens de rjochtbank ried te man te hurd.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Hy mocht sechstich, mar ried mear as tachtich kilometer yn de oere. De Jistrumer sei dat er de frou te let sjoen hie. It slachtoffer rûn in brutsen ankel op en kin noch hieltyd net goed rinne. De Jistrumer hat kontakt mei har socht en syn ekskús oanbean.

Neist de wurkstraf hat de Jistrumer ek in rydûntsizzing fan in heal jier ûnder betingst oplein krigen.

Trefwurden: 
rjochtbank oanriding Jistrum
(Advertinsje)
(Advertinsje)