Gjin tradisjonele yntocht fan Sinteklaas yn Ljouwerter Prinsetún

De tradisjonele yntocht fan Sinteklaas yn Ljouwert is dit jier net yn de Prinsetún. Dat hat Stichting Sinterklaas Intocht Leeuwarden freedtemiddei bekend makke. Neffens de organisaasje is it fanwegen it coronafirus ûnmooglik om de yntocht yn de Prinsetún te hâlden.
Gjin tradisjonele yntocht fan Sinteklaas yn Ljouwerter Prinsetún
It hanthavenjen fan de coronamaatregels mei safolle taskôgers is foar de organisaasje net te dwaan, seit foarsitter Cees Anceaux. Hy fynt it spitich dat de yntocht net trochgean kin "Dat is hartstikke triest, met name voor de vrijwilligers die hier een jaar naartoe leven. Dat komt bij heel veel mensen heel hard aan."
De organisaasje sil no sjen nei in alternative yntocht. "We hebben ons tot op heden alleen maar gericht op de huidige, traditionele intocht. We hebben heel lang gewacht omdat de maatregelen mogelijk verruimd zouden worden. Dat is allemaal niet gebeurd, dus we hebben gisteravond besloten dit niet te doen en de agenda vrij te maken om te kijken wat we wel kunnen doen", seit Anceaux.
Foarsitter Cees Anceaux
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma