Drugspân yn Surch mei sintrale rôle yn Vidar-saak sletten

Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân hat in wenning oan de Casper de Roblesdyk yn Surch foar seis moanne sletten. De wenning spile in sintrale rôle yn ynternasjonale drugssaak Vidar.
In sletten drugspân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De bewenner fan it pân hannele yn harddrugs. Syn wenning waard earder dit jier trochsocht troch de plysje. Dêrby waarden resten fan kokaïne en saken as ferpakkingsmaterialen, stekwapens en bûtenlânsk jild fûn. Fan de wenning út waarden kontakten lein oer de drugshannel en waard ek jild ûntfongen en ferdield.