Model Anna Yvonne Laanstra yn de race foar Miss Globe-titel

Model Anna Yvonne Laanstra út Frjentsjer is yn de race foar de Miss Globe-titel. Laanstra stie al op ferskate poadia en die op heech nivo mei oan beautywedstriden. Eins hie se al in punt efter har modellekarriêre setten, mar no giet se dochs noch in kear foar de titel. "Ik wol Nederlân hiel graach fertsjintwurdigje op it ynternasjonale poadium."
Model Anna Yvonne Laanstra yn de race foar Miss Globe-titel
It 28-jierrige model is ien fan de finalisten en giet de striid oan mei ferskate oare froulju. De konkurrinsje is grut. "It binne allegear prachtige froulju, mei elk wat unyks. Myn unike punt is myn lingte. Ik bin it grutste famke. Ik bin grutsk op myn bosk hier."
Yn jannewaris wie de casting en catwalktraining en in fotoshoot. Doe't de coronakrisis begong lei alles stil. Anna: "Mar ik hie der wol betrouwen yn dat der in oplossing fûn wurde soe. Wy ha online ynformaasje krigen oer ús presintaasje en ús opdrachten online dien, lykas in talintefideo fan dysels. Catwalktraining ha ik sels thús oefene."
Snein wurdt de winner bekendmakke. De winneres fan Miss Globe Nederlân mei har ynternasjonaal presintearje. "Wy binne der noch net. Snein komme der noch ekstra fragen dêr't wy punten mei fertsjinje kinne. Dus de race is noch net striden. Sa kinst op ferskate ûnderdielen punten krije, lykas de measte omtinken fan de media of it opheljen fan jild foar it goeie doel. Ik bin dwaande mei it ferkeapjen fan muffins foar PC for all, in organisaasje dy't laptops oanskaft foar skoalbern yn Nigeria."
Miss Globe © Omrop Fryslân

Stimme kin noch!

Wolsto Anna Yvonne oan de titel helpe? Stimme kin noch op de webside fan de Miss Globe Nederlân-ferkiezing.