Freedsmerk oer prostitúsje: "Bespotlik, je kinne de hoeren net ôfskaffe"

"Wat in bespotlik plan. Jo kinne de hoeren net ôfskaffe!", sa waard freedtemoarn op de Ljouwerter freedsmerk reagearre op it CDA-plan om betelle seks by wet te ferbieden. De partij slút dêrmei oan by in boargerinisjatyf dat, krekt as yn Sweden, ek op in ferbod ta wol. Yn de Twadde Keamer is lykwols net folle stipe foar dizze gedachte. En ek op de freedsmerk koe it plan net op in soad sympaty rekkenje.
© Omrop Fryslân, René Koster
"It lost neat op en ik tink dat je allinnich mar mear 'aanrandingen' krije", seit ien fan de besikers op de merk. "Alles ferdwynt dan yn de yllegaliteit, dat moatte je net wolle. Dan krije we in nij krimineel sirkwy." Ien fan de keaplju hat in goeie kunde dy't yn 'de business' sit: "It falt allegear wol wat ta, hear. Der wurdt hiel strang op ta sjoen."
In frou fertelde dat se benaud is dat famkes en froulju dan net mear feilich de dyk oer kinne. "Ieder mut toch syn behoefte kwyt. Dat sal by bepaalde mannen oek it gefal weze", laket de frou. "Dan kenne se beter daar naartoe gaan, dan dat se ons lastig falle. Of niet dan?"
In fêste freedsmerk-besiker hie noch wol in advys foar it CDA: "Ze moeten in de kerkbanken maar eens bedenken hoe ze die meisjes ècht kunnen helpen."
Freedsmerk oer prostitúsje