VV Ouwe Syl hat nij keunstgersfjild mei tank oan ferlotting hûs

04 sep 2020 - 13:53

Yn Aldebiltsyl nimme se by VV Ouwe Syl freed offisjeel in nij keunstgersfjild yn gebrûk. Yn 2017 waard foar de finansiering fan dit fjild in ferlotting holden, dêr't in wenhûs yn Aldebiltsyl de haadpriis fan wie.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

It fjild is nei de simmerfakânsje al yn gebrûk naam, en der is al in soad op traint. Ofrûne sneon is de earste wedstriid op it fjild spile. Neffens Natascha van der Laan, de foarsitter fan de feriening, binne de spilers entûsjast. "Iedereen is heel blij, ze trainen nu niet meer in een modderpoel. Het was echt nodig, ons trainingsveld had nog maar weinig gras en met iedere regenbui werd het een modderpoel. Dat is leuk voor de kinderen om in te spelen, maar niet voor het trainen. De trainingen werden regelmatig afgezegd, want het was niet meer verantwoord. De kinderen konden uitglijden, en de senioren werden er ook niet blij van."

Lot út de lotterij

Dat it fjild der kommen is, komt troch in letterlik lot út de lotterij, it is nammentlik finansiere troch it ferlotsjen fan in wenhûs yn Aldebiltsyl. Sûnder die lotterij wie dit nije fjild der net kommen. Van der Laan: "Een kunstgrasveld gaat behoorlijk in de kosten lopen, en we hebben dit helemaal zelf gefinancierd, dus zonder een bijdrage van de gemeente. Dan moet je toch gaan denken aan tonnen geld. Omdat het ons eigen veld is kunnen we wel de verantwoordelijkheid nemen om er voor te zorgen dat alles netjes blijft en technisch op orde is."

Mear winsken

Ek al hawwe se krekt in nij keunstgersfjild, de klup is alwer dwaande mei it folgjende projekt. "Wij hebben samen met andere verenigingen in de buurt een sportvisie ingediend bij de gemeente. De volgende wens die wij hebben is een nieuwe accommodatie, nieuwe kleedboxen. Daar gaan we nu mee aan de slag."

Petear mei Natascha van der Laan, foarsitter fan VV Ouwesyl

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

De winneres fan de lotterij fan 2017 kaam út Arnhem en neffens de inisjatyfnimmer fan de lotterij, Anne Polstra, wennet sy noch hieltyd yn it hûs dat se wûn hat. "Dat wie fansels wol it moaiste senario, dat immen dy't der ek wenje woe it winne soe. Lokkigernôch is dat útkaam."

De lotterij wie dus tige slagge, mar neffens Polstra is it net samar eat datst yninoar flânzest, "It bestjoer dêrfan is eins net samar even neist in gewoane baan te dwaan." Hy hat fan it organisearjen fan sokke projekten dan ek syn wurk makke: hy helpt klups mei it opsetten fan sa'n ferlotting.

Petear mei Anne Polstra, inisjatyfnimmer fan de ferlotting

(advertinsje)
(advertinsje)