Tal besmettings rint werom, mar wol wer mear tests op coronafirus ôfnaam

Der binne sûnt ferline wike 28 minsken posityf test op it coronafirus yn Fryslân. Dat binne der njoggen minder as in wike earder. It tal tests rûn opnij op, fan hast 4100 nei mear as 4200. "En dan hat noch net iens elkenien dy't dat wol in plakje", wiist Margreet de Graaf fan GGD op de drokte by de testlokaasjes.
De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
"Sneon sitte wy al fol, snein is noch in bytsje romte. It is hartstikke ferfelend foar wa't twa dagen wachtsje moat en net nei syn wurk kin. It is ek hiel ferfelend foar ús wurk want wy wolle it firus sa gau as mooglik opspoare", sa seit De Graaf. De wachttiden sille pas weromrinne as der mear kapasiteit is yn de laboratoaria.

Sneltests

Ien fan de mooglike oplossings foar de wachttiid is it brûken fan in sneltest, dy't yn 15 minuten in útslach jaan kin. Mar dy moatte dan wol hiel betrouber wêze, seit De Graaf. "As in sneltest yn 80 presint fan de gefallen it goed hat, dan binne der dus 20 presint fan de minsken dy't ûnterjochte tinke dat se it net ha. Dan gean se bygelyks wer nei feestjes en dat soarget foar in hiel soad besmettings."

Minder drokte yn de sikehuzen

Hoewol't der noch wol geregeld besmettings by komme, is it yn de sikehûzen relatyf rêstich. "Dat is lestich om te tsjutten omdat it mear oarsaken ha kin, mar wy sjogge wol dat it no in oare doelgroep is. De âlderein wit better hokker risiko's se rinne en wurde dan ek minder besmet. Je kinne sjen dat it firus foaral by jongere minsken is, dy ha oer it algemien in bettere sûnens."
"Dêrom is dy sitewaasje wol oars as yn maart en april, doe hiene minsken swiere klachten en rekken yn it sikehûs", seit De Graaf. "Ek yn de ferpleech- en fersoargingshuzen is noch hieltyd gjin besmetting, dêr binne wy tige wiis mei."
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân
Sjoch foar de aktuele stân fan it oantal besmettingen yn Fryslân en per gemeente op www.omropfryslan.nl/corona, of yn de omropapp. De sifers wurde twa kear yn 'e wike aktualisearre. Op dizze side is ek in oersjoch te finen fan al it nijs oer de coronakrisis yn Fryslân.