Waadopera Peter Grimes ferpleatst nei 2021 fanwege coronafirus

It slyk by Peazens-Moddergat soe eins dizze moanne al it poadium wêze foar de Waadopera, mar troch de omstannichheden mei it coronafirus sil Peter Grimes no op 17 septimber 2021 yn premjêre gean.
Opera op het Wad © Van Plan
De tariedingen foar de grut opsette opera wiene begjin dit jier al yn folle gong, doe't dúdlik waard dat de opfiering troch it coronafirus net trochgean koe. De stipe foar de opera waard nettsjinsteande dat net minder, sa seit inisjatyfnimmer en dirigint Arnaud Oosterbaan.
"Ik was onder de indruk van de steun die werd uitgesproken door fondsen, partners, subsidieverstrekkers en de uitvoerenden", sa seit Oosterbaan. "Het werd al snel duidelijk dat het enthousiasme voor de Wadopera nog onverminderd groot is." Alle fûnsen en partners geane mei nei de nije edysje fan takom jier.
De wrâldfernaamde opera spilet him ôf yn in doarp oan de kust fan Suffolk yn Ingelân. De pleatslike lykskôger, dy't ek advokaat en boargemaster is, ûnderfreget fisker Peter Grimes oer de dea fan in skipsjonge. Net allinnich de dea fan de jonge ropt fragen op, mar ek de omgong mei de fertochte.