Omrop TIP: Harkje hjir it Fierljepkafee werom

By Omrop Fryslân is op de freedtejûn foar it FK fierljeppen tradisjoneel it Fierljepkafee te beharkjen. Presintator Gerrit de Boer ûntfangt gasten út de fierljepwrâld en we sjogge foarút op it Frysk kampioenskip fan 2020 yn Winsum. Mar der is fansels ek in soad romte foar nuveraardige anekdoaten en nijsgjirirrige ferhalen út it ferline.
© Martin de Jong
In bysûndere edysje fan it Fierljepkafee dit kear, want troch coronamaatregels sil der gjin publyk by wêze. De gasten wurde ûntfongen yn de Fierljeppolder yn Noardburgum, en fansels wurdt der praat oer it ljeppen yn coronatiid.
Fierder sjogge we werom op it FK fan 2006, doe't junior Hannes Scherjon foar in daverjende ferrassing soarge troch de Sulveren Pols foar de noas fan favoryt Bart Helmholt wei te kapen. We ha it ek oer comeback-ljeppers en oer ljepaventoeren yn Sweden. En we weagje ús oan in foarsizzing op de winners fan sneon.
It Fierljepkafee is hjirûnder werom te harkjen:
Fierljepkafee
© Omrop Fryslân

FK 2020 sûnder publyk

Der wurdt fanwege de coronamaatregels sneon gjin publyk talitten by it Frysk kampioenskip yn Winsum. Allinnich op útnûging binne 250 plakken yndield, der wurde gjin kaarten ferkocht. Dus kom net nei Winsum, mar folgje it FK sneon live by Omrop Fryslân, fan 13.30 oere ôf, op telefyzje, radio en fia de webside en de app.