Noard-Nederlân wol miljoenen foar enerzjytransysje

Der moatte hûnderten miljoenen euro nei Fryslân, Grinslân en Drinte komme as kompensaasje foar it fuortfallen fan de gaswinning yn it Noarden. Mei dy oprop komme de trije noardlike provinsjes. It jild moat komme út in spesjaal fûns dat opset is troch de Europeeske Uny en soe ynvestearre wurde moatte yn de enerzjytransysje. It Noarden wol dêrmei in foarbyldregio wurde op it mêd fan duorsume enerzjy.
Noard-Nederlân wol miljoenen foar enerzjytransysje
Neffens eardere berekkenings ferdwine yn Noard-Nederlân sa'n 20.000 banen troch it fuortfallen fan de gaswinning. It jild dêr't it Noarden no oanspraak op meitsje wol, komt út it Europeeske 'Just Transition Fund' en is bedoeld om gebieten dy't no noch ekonomysk ôfhinklik binne fan fossile brânstoffen te helpen by de transysje nei duorsume enerzjy.

Akwatermy

Ien fan de saken dêr't it jild oan bestege wurde moat, is akwatermy, it opwekken fan enerzjy út oerflaktewetter. "Dat moat betelle wurde, en it moat ek makke wurde. Dêr komme arbeidsplakken efterwei, hûnderten yn it gefal fan Fryslân", seit deputearre Sietske Poepjes.
De trije noardlike provinsjes binne ienriedich oer de need fan de ynvestearring. "Wy ha net allegear deselde posysje, mar wol itselde lûd en ek wol belang", seit Poepjes "Mei syn trijen litte wy it kabinet witte: ynvestearje yn it Noarden, dêr wurde wy as Nederlân better fan."

Ryk bepaalt

Oft der jild nei Noard-Nederlân komt en hoefolle krekt leit oan it Ryk. Sy bepale wêr't it Europeeske jild úteinliks hinne giet. Op dit stuit is ek noch net dúdlik hoefolle jild der krekt beskikber is foar Nederlân.
Deputearre Sietske Poepjes