FC Burgum start fuotbalteam foar minsken mei beheining

04 sep 2020 - 10:22

FC Burgum start mei in G-fuotbalteam foar minsken mei in lichaamlike of geastlike beheining. Net in soad klups yn Fryslân ha sa'n G-team. Tongersdeitejûn wie de earste training foar fuotballers fan 16 jier en âlder.

Spilers yn training - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Mei de training koenen fuotballers en harren begelieders ris sjen hoe't dat giet. Tolve dielnimmers ha har oanmeld foar it G-team. Se wolle traine foar wedstriden fan sân tsjin sân spilers of spylsters en fuotbalje op in heal fuotbalfjild. It giet benammen om de wille en it entûsjasme. Yn de basis sit gjin ferskil mei it gewoane fuotbal, fynt foarsitter Dirk van der Woude fan FC Burgum. Wol is neffens him de organisaasje fan in G-team oars as by in oar fuotbalteam.

"Dizze spilers freegje echte profesjonele begelieding. We ynventarisearje fan tefoaren wat de beheining is. Dan komt der in monitoaring en as der wat is, witte we fia in programma hoe't we der mei omgean kinne. We ha begelieders fûn dy't dat foar har wurk ek dogge. Sa tink ik dat we fol fertrouwen en entûsjasme mei dit team starte kinne."

Gerrit Hoekstra traint by it G-team - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

G-teamlid Gerrit Hoekstra (49) is al lang ferbûn oan de klup. Hy is assistint-lieder fan it earste team en sil no oan de slach as fuotballer. "Ik ha earder alris fuotballe yn Suwâld. Ik fyn it hartstikke moai dat FC Burgum dit no opset hat en ik ha der eins bot nocht oan."

It is de bedoeling dat er fan no ôf alle wiken traind wurdt. FC Burgum wol, neidat it G-team goed opstart is, ek meidwaan oan in kompetysje mei soartgelikense teams. De KNVB organisearret al tritich jier sokke kompetysjes, sadat minsken mei in lichaamlike of geastlike beheining ek fan aktiviteiten sa as fuotbal genietsje kinne.

Wa't yn Fryslân in G-team siket, kin op de KNVB-webside út acht ferieningen kieze. FC Burgum wurdt de njoggende klup.

Foarsitter Dirk van der Woude fan FC Burgum

(Advertinsje)
(Advertinsje)