IFKS skrast lêste wedstriid, foar it earst in hiel jier sûnder skûtsjesilen

04 sep 2020 - 08:26

De slotwedstriid fan de IFKS, dy't healweis oktober holden wurde soe, giet definityf net troch. It risiko op fierdere fersprieding fan it coronafirus is te grut, seit de organisaasje.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Dit betsjut dat 2020 in jier sûnder skûtsjesylwedstriden wurdt. It is foar it earst sûnt de start fan it skûtsjesilen, dit jier presys 75 jier lyn, dat dat foarkomt.

De organisaasje ferwachte by de wedstriid yn Heech folle mear publyk as oars, trochdat de jubileumwedstriid fan de SKS, de Friese Hoek race op De Lemmer en de Strontrace yn Warkum net trochgeane. Boppedat soe de wedstriid holden wurde yn it earste wykein fan de hjerstfakânsje, en binne der yn dit 'coronajier' folle mear boatsjeminsken op it wetter as yn oare jierren.

Nei oerlis mei de gemeente Súdwest-Fryslân en Veiligheidsregio Fryslân hat it bestjoer fan de IFKS besletten dat de slotwedstriid net trochgiet. De IFKS soe der ferantwurdlik foar wêze dat dielnimmers en publyk har oan de coronaregels hâlde, en neffens it bestjoer is de organisaasje en hanthavening dêrfan net helber.

Yn tsien ôfleveringen seach it Skûtsjesjoernaal dit jier werom op de 75-jierrige skiednis fan it skûtsjesilen. Op omropfryslan.nl binne dy útstjoeringen werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)