Kollum: "Hûneleafde"

04 sep 2020 - 08:21

"Tiisdei wie der in hiel aardich programma op NPO 2. It gong oer hûnen en hoe bysûnder oft se binne. Se lykje mear op ús as wy tinke en de bân tusken hûnen en minsken is unyk. Hûnen meitsje eachkontakt mei de baas en begripe wêr't wy hinne sjogge of wize. Se leare in soad troch nei ús te sjen en dêr wiene moaie foarbylden fan.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Bygelyks de Jack Russel Titi, dy't mei har baas oan it cliffjumpen wie. Se besochten earst fan lege kliffen te dûken. Mar Titi fûn it sa leuk om te dwaan dat se ek al gau fan de heechste kliffen doarde te springen. Foar de sprong seach se nei har baaske en sûnder in wurd te sizzen dûkten se tagelyk it wetter yn.

De Japanske Akita Flora wist wannear't har baas Robert in black-out krige. De medyske wrâld wie der noch net achter kommen hoe't it kaam, mar it hie him syn wurk en rydbewiis al koste. Omdat er samar út 'e tiid rekke, hie er hjir en dêr ek alris wat brutsen. Mar Flora koe presys oanjaan wannear't er sa'n black-out krige, sadat er op 'e tiid sitten gean koe.

De earste kear lei Flora op syn boarst doe't er bykaam. Doe't it dêrnei wer barre soe, gong se foar him rinnen en krige se Robert by de hân beet. Sa warskôget sy him no foar in black-out dêr't er sels noch net iens fan wit dat er dy krije sil. Sûnt dy tiid hat er gjin rare ûngemakken mear hân of eat brutsen.

Fierder wie der in hûn dy't gong te freerunnen mei de baaskes en der wie sels in hûntsje dat mei de baas oan paragliding die. Dat hûnstje hong earst oan in túchje tusken de skonken fan de baas en as se troch de loft sweefden dan siet se by him op skoat. Se wie hielendal net bang en wist presys wat der barre soe.

It moaiste stikje út dit programma fûn ik it ferhaal fan de grutte Deenske Dog George en syn baaske Bella fan alve jier. Sy hat it syndroam fan Morquio. Dat is in erflike sykte mei ôfwikingen fan it skelet ta gefolch. Har bonken groeie net goed en brutsen gau, dus hie se al twa jier net rûn. Doe kaam se fia fia yn kontakt mei in stichting dy't helphûnen traint en dêr hiene se sein dat de hûn dy útkiest en net oarsom.

George keas Bella út, mar hy moast earst noch in jier yn training sadat er har gewicht drage koe en syn rintempo gelyk wie oan dat fan har. Bella koe George doe as stipe brûke. Se hâldt him beet oan túchje en is net mear bang om te fallen. Se is dêrtroch hieltyd selsstanniger en selsfersekerder wurden en George is har allergrutste freon.

Hy giet oeral mei har hinne en ik ha in soad bewûndering foar minsken dy't helphûnen traine. Hûnen dy't geskikt binne foar sok wurk, lykje altyd sa wiis. Se hawwe echt in taak en dejinge dy't dêr ôfhinklik fan is, moat altiten op sa'n bist fertrouwe kinne. Ik ha der wolris oer neitocht om in puppy fan sa'n stichting yn hûs te heljen, omdat it wichtich is dat dy hûntsjes earst goed sosjalisearre wurde foardat se yn training gean.

Mar sa'n hûntsje giet op in bepaald momint al wer fuort en soks like my freeslik ta! No is Timmy bytiden ek noch in soarte fan helphûn, hear. 'Help! Wat docht er no wer!', rop ik gauris. En wylst er ús ek útkeazen hat, wol er beslist net mei my te kanofarren."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)