Gemeente Ljouwert krijt coronadebat: "Hartstikke goed dat we deroer prate"

Der komt in coronadebat yn de gemeenteried fan Ljouwert. Ferskate riedsleden hiene krityk op it ûntbrekken fan demokratyske kontrôle fan de ried op besluten fan de boargemaster binnen de Veiligheidsregio. Der wurde besluten naam dy't foar ynwenners gefolgen hawwe sûnder fierdere ynbring fan de gemeenteried. Op 22 septimber sil dat no wol barre yn in debat fan de ried mei it kolleezje en boargemaster Sybrand Buma.
It gemeentehûs fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Otto van der Galiën fan de partij Lijst058 wie ien fan de kritisy. Hy fynt de gong fan saken net demokratysk en ek net goed foar it draachflak fan alle coronamaatregels. Dêrom is er bliid dat der no in debat komt. "It is gewoan hartstikke goed dat we dêr as ried oer prate." It debat moat neffens Van der Galiën liede ta dúdlikens oer hokker rjochting it kolleezje op wol en hokker maatregels der yn it fersjit lizze.
Om't der yn it Noarden net in soad besmettingen binne, hopet Van der Galiën dat der hjir in ferromming fan de coronamaatregels komme kin. Hy fernimt dat in soad minsken dêr ferlet fan ha. "As we gjin corona ha, of hast gjin gefallen hjir, dan soe dat in mooglikheid wêze om dêr no echt regionaal maatwurk foar te betinken."
Otto van der Galiën