Feitsma Fûns uteret mei petysje soargen oer takomst Fryske Akademy

It Feitsma Fûns makket him bot soargen oer de maatskiplike takomst fan de Fryske Akademy. It fûns set him yn foar it befoarderjen fan it mûnling en skriftlik gebrûk fan de Frysk taal. Neffens it Feitsma Fûns sit de Fryske Akademy yn in ympasse. Om't der noch hieltyd gjin nije direkteur is, komt it fûns no mei in petysje.
De Fryske Akademy yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Fryske Akademy yn Ljouwert siket al in skoft nei in nije direkteur. Oant no ta is der noch net in geskikte kandidaat fûn, dêrom siket de Fryske Akademy no ek bûten de lânsgrinzen. Dat fynt it Feitsma Fûns lykwols gjin positive ûntwikkeling.
"Sjoen it feit dat der dochs al gjin maatskiplike oanstjoering is, hawwe wy ferlet fan immen dy't net inkeld foar de wittenskip stiet, mar ek foar de Fryske ynfrastruktuer", fertelt vice-foarsitter Redbad Veenbaas fan it Feitsma Fûns. "Hy of sy kin ek út Nederlân komme, mar it moat immen wêze dy't al goed op 'e hichte is fan de Fryske ynfrastruktuer."

Wittenskip, mar ek maatskippij

De petysje moat derfoar soargje dat de maatskiplike taak fan de Akademy yn Fryslân better ta syn rjocht komt. Veenbaas: "Wy fine dat de Fryske Akademy twa taken hat: foar de wittenskip, mar ek foar de Fryske maatskippij. It is net inkeld in wittenskiplik ynstitút, wylst de Akademy him al mear as tsien jier sa opstelt."
It Feitsma Fûns is fan doel de petysje op 14 septimber oan te bieden oan kommissaris fan de Kening Arno Brok, en oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. It fûns hopet dat de provinsje dêrnei yn petear giet mei it bestjoer fan de Fryske Akademy.
Vice-foarsitter Redbad Veenbaas fan it Feitsma Fûns