Keunstners Vakwerk Burgum moatte pân út; syktocht nei oar gebou keallet swier

De keunstners fan Vakwerk Burgum moatte harren pân ferlitte. Dêr hiene se op himsels wol op rekkene, mar de syktocht nei in oar leechsteand pân keallet swier. "Oant no ta binne we se noch net tsjinkaam en ha we noch gjin oanbod hân", seit Hanneke Brugman fan Vakwerk.
© Vakwerk Burgum
Yn it leechsteande gebou yn Burgum krije keunstners en oare fakminsken de romte om te eksposearjen. Sa moat foarkaam wurde dat de gebouwen fertutearzje, of dat de boel fernield wurdt. Mar it gebou dêr't se no sitte, wurdt sloopt. "Ik tink dat sloop de iennige opsje is. It is in âld gebou, it lekt yntusken. Dan moat der safolle oan barre om der wer wat fan te meitsjen. Se sille it slope en dan komt der wer wat nijs foar yn it plak", seit Brugman.

Goed berikber

De keunstners hoopje wat te finen yn Tytsjerksteradiel, mar oer alles falt te praten. "Wat belangryk is, is dat it goed berikber is. Net elkenien hat in auto. Dus je moatte der mei de trein of bus goed komme kinne. Wy wenje mei ús trijen wol yn Tytsjerksteradiel, dus dat hat wol ús foarkar. Mar mocht der earne oars wat wêze, we kinne altyd yn petear", seit Brugman.
Burgman hopet dat der ien is dy't harren oan in gebou helpe kin. "Wy meitsje der altyd wat moaiers fan as dat der in leechsteand gebou is. Dat is foar net ien leuk", seit Brugman.
Hanneke Brugman fan Vakwerk Burgum