Operaasje Fryske Flagge: Joseffa Trip út it Amerikaanske Piscataway

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân de Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Wa't dat al dien hat, is Joseffa Trip út Amearika. Se wennet yn Piscataway, ûnder de reek fan New York.
© Joseffa Trip
It is noch efkes de fraach hoe't je it útsprekke, dy Amerikaanske stêd dêr't Joseffa Trip mei har man - "Een echte New Yorker"- delstrike soe. It giet om Piscataway, in lyts stedsje ûnder de reek fan wrâldstêd New York. Hjir is Joseffa wurksum yn de filmyndustry, ûnder oare as fideo-editor. Ek spile se lytse aktearrollen, bygelyks yn reklames.
Joseffa har widze stie yn Easterwâlde. Dêr hat se oant har 17e wenne; boppedat hat se in Fryske heit. Dochs woe se hjir net har hiele libben wenjen bliuwe. Doe't se 17 waard, woe se de wrâld yn. Joseffa fertelt: "Mijn zus woonde in Texas. Die zei: "Waarom kom je hier niet een tijdje?" En sa soe it barre. No wennet se mei har man yn Piscataway. Sa no en dan giet Joseffa werom nei Fryslân, mar ek foar har betsjutte corona dat se de oerstek oer de oseaan it ôfrûne foarjier net meitsje koe.
Dochs is der ek yn Amearika in stikje Nederlân werom te finen; dat jildt sels foar Fryslân. Joseffa wist nammentlik in winkel te finen dêr't se Nederlânsks iten helje koe. Dêr moast se lykwols wol 2,5 oere foar ride. Mar, fertelt se laitsjend: "Als je eenmaal in het buitenland woont, zo lang, en je hebt geen Nederlands eten, dan doe je er echt veel voor." Wat it boppedat bysûnder makket, is dat se by de winkel in Fryske flagge hingjen seach. Joseffa: "Het was gek om in the middle of nowhere de Friese vlag te zien."

Wat sjogge we op de foto?

Op Joseffa har foto is de ûnmiskenbere skyline fan New York te sjen. Fansels sjogge wek ek de Fryske flagge. Joseffa: " Hoe langer ik in het buitenland woon, hoe meer ik erover nadenk waar ik vandaan kom. Vroeger stond ik daar niet bij stil. Iedereen om je heen spreekt Fries, je gaat naar Friese school, ik heb Fries geleerd op school. Ik stond er niet echt bij stil hoe bijzonder dat is."
Dus freegje minsken wêr't se wei komt, dan fertelt Trip oer it Frysk en de flagge. "Je gaat er meer bij stilstaan hoe bijzonder het eigenlijk is. Daarom vond ik het ook een heel leuk initiatief om de Friese vlag toe te voegen aan de emoji's."
Joseffa Trip
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel is om foarinoar te krijen dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we op yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Al 133 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.