Keningspear heal septimber op streekbesite yn Súdeast-Fryslân

03 sep 2020 - 16:54

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima geane op tongersdei 17 septimber nei de gemeenten Opsterlân, Smellingerlân en Eaststellingwerf. De besite sil yn it teken stean fan de takomst fan de provinsje, mei klam op de lânbousektor, de Fryske taal en kultuer en duorsumens. Wêr't se presys hinne sille wurdt net yn it foar bekend makke.

It keningspear ôfrûne july - Foto: ANP

De kening en de keninginne sille ûnder oare prate mei jonge boeren oer dy har takomst. Se geane ek nei in middelbere skoalle om in les Frysk mei te meitsjen en sille harren byprate litte oer de betsjutting fan it skûtsjesilen foar Súdeast-Fryslân. De lokaasjes dy't se besykje sille binne net bekend fanwegen de coronamaatregels. It is de bedoeling dat der sa gjin kloften minsken komme te sjen dy't har net hâlde oan de oardelmeterregel.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok is bliid mei de besite: "Wy binne tankber dat yn dizze tiid fan corona it keninklik pear tiid nimt foar in besite oan ús moaie provinsje. Der is in breed en corona-proof programma gearstald."

(Advertinsje)
(Advertinsje)