Boargemaster Veenstra slút pleats yn Langwar fanwegen drugslab

03 sep 2020 - 15:57

Boargemaster Fred Veenstra fan gemeente De Fryske Marren hat in pleats oan de Pontdyk yn Langwar slute litten. Dêr is earder dit jier yn in stâl in drugslab fûn, dat brûkt wêze soe foar de produksje fan amfetamine.

Foto: CAMJO Media

It drugslab siet yn in ferburgen romte dy't neffens de gemeente allinne te berikken wie fia de garaazje fan it hûs dernjonken. Yn dat hûs fûn de plysje drugs en in fjoerwapen.

Neffens de gemeente binne de aktiviteiten yn it drugslab en it hûs net los fan inoar te sjen. Dêrom geane se allebeide trije moanne ticht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)