HEA! Noah, de jongste kapitein fan Warkum

Noah van Gestel is 11 jier en wennet yn Warkum. Lykas syn heit en mem is hy sljocht fan it wetter en dêr is hy dan ek faak te finen mei syn eigen boatsje. It ûndernimmersbloed rint al betiid troch syn ieren en Noah hat sûnt koarte tiid syn eigen wettertaksybedriuw. Hy fart mei syn boatsje troch Warkum en mei in lûde bel ropt hy minsken op om se fan de iene nei de oare kant fan Warkum te farren. Sa fertsjinnet Noah syn bûsjild.
HEA! Noah, de jongste kaptein fan Warkum