Rekôr oan smoargens opfiske út see troch fiskers fan Harns: 176.000 kilo

Fiskers fan Harns hawwe yn 2019 in rekôr oan smoargens út see wei mei nei de fêste wâl brocht. Mei 37 skippen waard yn it ramt fan it projekt Fishing for Litter goed 176.000 kilo smoargens ynsammele, fjouwer kear safolle as it jierliks trochsneed.
In fiskersboat foar de haven fan Harns © Shutterstock.com (Migiel Francissen)
Fiskers wurde stimulearre om smoargens dat se opfiskje mei te nimmen nei de wâl. Sa bedarret it net op de strannen en wurdt de see skjinner. Ek foar dit jier ferwachtet Harns in rekôr oan smoargens. Dat komt ek noch altyd troch de ramp mei kontenerskip MSC Zoe. Der soe noch 800.000 kilo oan guod út konteners op de seeboaiem lizze.

Unsichtber probleem

It Fishing for Litter-projekt hat as doel om de fersmoarging fan de see tsjin te gean. Hieltyd mear fiskers dogge mei oan it projekt. It giet om in ûnsichtber probleem: want it measte swalkôffal sinkt nei de seeboaiem.

Finânsjes

Jan Joris Midivaine is projektlieder by Fishing for Litter. Hy fertelt hoe't it yn syn wurk giet: "De vissers vanuit Harlingen komen tijdens het vissen afval tegen, en in plaats van het terug te gooien, nemen ze het in bigbags mee. Een van de oorzaken dat er dit jaar zoveel afval is de ramp met de MSZ Zoe, maar ook een andere manier van vissen waarmee er meer van de bodem wordt gehaald. Het gaat om van alles en nog wat. Zo'n 60 procent is plastic, maar het gaat ook om metaal, hout, kleding."
Mar it opfiskjen is net fergees. Dat kostet jild. "We zijn op zoek naar financiers, want er is eigenlijk nog te weinig geld voor. De overheid draagt nu bij, maar ook de koopvaardijhavens en sponsoren. Het zou ook mooi zijn als er een compensatieregeling vanuit MSC zou kunnen komen."
Jan Joris Midivaine, projektlieder by Fishing for Litter