Adviseur: nasjonale wedstriden op Prikkedam ûnmooglik fanwegen lûd

Nasjonale wedstriden op de Prikkedaam binne ûnmooglik fanwegen it lûd. Dat seit in ûnôfhinklik adviseur fan de Stichting Advisering Bestuursrechtspraak foar Milieu en Ruimtelijke Ordening (STAB). Omwenners binne yn 2019 tsjin bestimmingsplannen foar motorsirkwy MSV De Prikkedam yn berop gien, wêrnei't de Ried fan Steat de STAB om advys frege hat. Neffens dizze ûnôfhinklik saakkundige soe it motorsirkwy yn de praktyk de lûdsgrinzen al gau te bûten gean.
Start crosswedstriid kompetysje DMX-Noord © Ronnie Porte
It bestimmingsplan, dat regelt wat wol en net op it sirkwy mei, wie yn oktober 2019 troch de gemeenteried fan Eaststellingwerf fêststeld. Neffens STAB soe yn dit plan it wen- en leefklimaat fan de omwenners oantaast wurde.
Ek al is der in lûdsskerm fan twa meter heech en 150 meter lang pleatst dêr't de adviseur posityf oer is, út in akoestysk ûndersyk docht bliken dat nettsjinsteande alle maatregels fan de motorcrossferieniging net by alle wenningen yn de omjouwing oan de lûdseasken foldien wurdt.

Lûdsbelêsting by omwenners

By trainingen soe de belêsting fan De Prikkedam 45 oant 50 dB en by wedstriden 70 dB wêze, wylst de gemeente mar in belêsting oant 45 akseptabel fynt. Nettsjinsteande dat, wie de gemeente dochs akkoart gien mei it plan om't der mar trije dagen yn it jier wedstriden hâlden wurde meie.
STAB is lykwols net tefreden oer it plak fan de lûdsmjittingen: tusken beammen en strûken by in hinnehok. Hjir wie troch in omwenner al earder oer opmurken: "Sa fier mooglik wei fan de crossbaan en sa leech mooglik". STAB fynt in mjitting op it terras by de wenning realistysker, dêr't neffens harren de oerlêst sa'n 1 oant 3 dB heger is en dus leit it boppe de grinswearde dy't de gemeente oannimlik fynt.
Sa fier mooglik wei fan de crossbaan en sa leech mooglik.
In omwenner oer de eardere lûdsmjittingen

Leven fan motoaren

De KNMV (Koninklijke Nederlandse Motorrijders Vereniging) stelt de eask fan maksimaal 94 dB lûd oan de motors, mar dat jildt net ûnder nasjonale kompetysjewedstriden. It bestimmingsplan slút dizze wedstriden net út. Neffens STAB hawwe de motors dan mear leven (122 dB yn pleats fan 94 dB), wêrtroch't it earderneamde akoestyske ûndersyk dus net mear jilde soe en der net oan de lûdseasken foldien wurde soe. Ek set STAB fraachtekens by oft de omropynstallaasje wol meirekkene is yn dat ûndersyk.
It is net bekend wannear't de Ried fan Steat de boaiemproseduere behannelet.