Houliken útsteld of ôfsein fanwegen corona; troulokaajes hawwe it dreech

Troulokaasjes yn Fryslân hawwe it dreech, om't de measte houliken fanwegen de coronakrisis útsteld of ôfsein binne. De oardelmeterregel is op sa'n feest hast net te hanthavenjen. Minister Grapperhaus moast dat woansdei ek tajaan, nei't er fotografearre waard op syn eigen brulloft wylst er gjin ôfstân hold fan gasten. Hy gong troch it stof yn de Twadde Keamer. "Dat geeft maar weer aan het moeilijk het is om afstand te houden, zeker op een bruiloft", seit Coen van Eck, eigener fan troulokaasje De Koperen Tuin yn Ljouwert.
Coen van Eck fan de Koperen Tuin yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It trouseizoen rint rûchwei fan april oant oktober. Dan steane de aginda's fan restaurants, partysintra en oare populêre troulokaasjes lykas De Koperen Tuin fol. "Maar het zijn nu onzekere tijden door de corona. Veel bruidsparen stellen de mooiste dag van hun leven uit of zeggen af, bijvoorbeeld omdat niet alle gasten kunnen of willen komen", seit Van Eck. By him binne der 20 brulloften útsteld en 15 ôfsein. "Ik hoop dat het volgend jaar gewoon weer kan, trouwen met een feest zoals het eigenlijk hoort."

Aginda 2021 al hast fol

Probleem is lykwols neffens him dat de aginda foar folgjend jier hast alwer fol sit met troufeesten dy't fan dit jier nei folgjend jier ferskood binne. "Er is nauwelijks plek voor nieuwe bruidsparen." Ferline wike wie der noch wol in brulloft mei 70 gasten. "Het bruidspaar heeft zelf in overleg met ons de tafelschikking gemaakt, zodat we precies wisten wie bij elkaar mocht zitten en wie niet. Dan lukt het wel, maar het blijft improviseren."
De Koperen Tuin yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Earder dizze wike reagearre Trouwbranche, in organisaasjes mei houliksûndernimmers, op de brulloft fan minister Grapperhaus dy't in flater sloech mei de oardelmetermaatregel. Op syn eigen brulloft hold er gjin ôfstân fan syn gasten. "Wat dit incident aantoont, is dat 1,5 meter afstand houden bij een sociale gelegenheid niet te doen is", skriuwt Trouwbranche, dy't de strange maatregel yn in ferklearring funest neamt.

675 miljoen euro ferlies

Sa soene der 65.000 banen op de tocht stean en wurdt it ferlies oan ynkomsten ein dit jier skat op 675 miljoen euro. Fan de ûndernimmers yn de troubrânsj rint 63 persint it gefaar dat se omfalle. Trouwbranche freget dêrom Grapperhaus om myld te wêzen mei boetes. Ek wolle se dat hy fan de 1,5 meter 1 meter ôfstân makket. "En steun ons met extra financiële hulp en zorg dat we volgend jaar nog bestaan."