Betinkingsmunt ta eare fan 100-jierrich bestean Woudagemaal

03 sep 2020 - 12:51

De Koninklijke Nederlandse Munt hat tongersdei it ûntwerp fan de twadde en lêste betinkingsmunt fan 2020 bekend makke. Dêrop stiet it Woudagemaal op 'e Lemmer ôfbylde, ta eare fan it 100-jierrich bestean fan it gemaal. It is ek de earste betinkingsmunt dêr't Kening Willem-Alexander mei in burd op stiet.

Foto: Koninklijke Nederlandse Munt

De munt, mei de namme Woudagemaal Vijfje, is ûntwurpen troch keunstner Berend Strik, dy't yn 2006 ek it Rembrandt Vijfje ûntwurp. Oan de iene side stiet de kening mei efter him in wapperjende Fryske flagge, en derûnder in fragmint fan de kanalen by it Woudagemaal. Oan de oare side fan de munt stiet it Woudagemaal út fûgelflechtperspektyf.

De munt, dat in wettich betelmiddel is, wurdt op 7 oktober foar it earst slein mei in nominale wearde fan fiif euro. 7 oktober is ek de datum dat it Woudagemaal hûndert jier bestiet. De munt is fan tongersdei ôf oan te bestellen op de webside fan de Koninklijke Nederlandse Munt.

Gemaalsjef Yldau de Boer oer de munt

It Ir. D.F. Woudagemaal is it grutste, noch wurkjende stoomgemaal yn de wrâld, en bestiet dit jier 100 jier. It gemaal waard yn 1920 iepene om oerstallich wetter fuort te pompen en is sûnt 1998 UNESCO Wrâlderfgoed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)