Muzykferieningen Ljouwert hoege net de haadpriis, mar stride foar in basis

03 sep 2020 - 12:19

De Ljouwerter muzykferieningen hawwe woansdei by de riedsgearkomste yn Ljouwert de needklok let. Sûnt de gemeentlike weryndielingen krije de 16 ferieningen gjin subsydzje mear en yn de nije kultuerfyzje komme se der ek net goed fan ôf, fynt de Ljouwerter muzykkoepel SML (Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden).

Ljouwerter muzikanten yn 2018 - Foto: Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden

Skiedend foarsitter fan de SML, Annewiep Bloem, fynt dat de muzykferiening stipe fertsjinje moatte. "Wy sizze: wy binne der al sa lang. Wy hearre by de basis, by ambysjenivo B yn de kultuernota. Dy erkenning misse wy wol bot. Dus dêr pleitsje wy foar."

Nei de weryndieling net mear

Bloem tinkt mei weemoed werom oan de eardere gemeenten. "Der hat in weryndieling west yn 2018, earder ek al. En wy fernimme dat muzykferieningen yn de âlde gemeenten fanselssprekkender wiene. Littenseradiel, Ljouwerteradiel, Boarnsterhim. De erkenning wie der en dat wie ek jild wurdich. Wy krigen subsydzje. Yn de nije gemeente Ljouwert is dat hiel oars. It is no net mear fanselssprekkend. Dêrom stride wy foar dy erkenning en it plak yn de basis-ynfrastruktuer."

Wy hoege echt net it heechste bedrach, mar in basis wêrop't wy fierder borduere kinne soe wol moai wêze.

Annewiep Bloem, foarsitter fan de SML

Ferieningen krije op dit stuit al gjin subsydzje mear. Bloem: "Dy moatte op oare wizen oan it jild komme, bygelyks kontribúsje of in koeke-aksje. Wy besykje sponsoaren te finen. Mar in soarte finansjele basis soe wol helpe. Wy hoege echt net it heechste bedrach, mar in basis wêrop't wy fierder borduere kinne soe wol moai wêze."

Muzykferieningen falle om

As dat net bart, krije muzykferieningen it finansjeel tige dreech, tinkt Bloem. "Dy binne der no al. Wy freegje no stipe foar de jongereinoplieding. Wy hâlde hjir in kwalitative oplieding yn stân, dêr is net in oar fan yn Ljouwert. Mar it kostet wol in soad jild. As der gjin feroaring komt, tink ik dat der aanst muzykferieningen omfalle."

Takom wike debatearret de gemeenteried yn Ljouwert der fierder oer.

(advertinsje)
(advertinsje)