Sportvisserij Fryslân makket VISparels: yn 'e kunde komme mei fiskje

03 sep 2020 - 11:20

Sportvisserij Fryslân is yn 'e mande mei lokale angelsportferieningen dwaande om op ferskate plakken 'VISparels' oan te lizzen. Dat binne tagonklik plakken oan it wetter dêr't minsken yn 'e kunde komme kinne mei it fiskjen. It giet by foarkar om in ôfsletten stik wetter, bygelyks yn in wyk. It kin foar bern wêze, mar ek foar âlderein of minsken mei in beheining. Yn Dokkum wie tongersdei in gearkomste by it Tolhuispark om de gearwurking te beklinken.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

De VISparels moatte tsjinje as it fuotbalfjildsje fan de sportfiskerij, leit Tamme Smit út. "Angelsportferieningen hawwe gjin sportfjild, oare ferieningen wol. De sportfiskerij, faak ien fan de grutste ferieningen binnen de gemeente, moatte eins ek in plak hawwe dêr't se gearkomme kinne, en dêr't se ek fiskje kinne." Der binne yn Fryslân neffens Smit sa'n 40.000 minsken lid by in angelsportferiening, "Wy hawwe behoefte oan wetter dêr't wy feilich en goed fiskje kinne."

Feilich fiskplak

Mei in VISpas kinne je al op in soad wetters fiskje, mar dizze VISparels moatte groepen dy't der net op út geane of kinne in goed plak biede om ek te fiskjen. "In soad fiskers geane der wol op út, se geane tusken it reid sitten of geane mei in boatsje it wetter op, mar der is ek in groep fiskers, benammen de jongerein en de âlderein, dy't in feilich fiskplak ticht by de beboude kom nedich hat."

"De VISparels binne plakken dy't wy sa ynrjochtsje dat der hiele feilige fiskplakken oan 'e wetterkant komme. Ut ûndersyk is nei foaren kommen dat soks is foar de jongerein, de âlderein en minderfaliden dochs tige winsklik is, en dêr hawwe wy op ynspile."

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

By de VISparel yn Dokkum is in brechje, in kampeartafel, mar ek in betonnen râne, wêrtrochst ek mei bygelyks in rolstoel hielendal om it wetter hinne kinst. "Wannear't wy in wetter oanwize wolle as VISparel, dan sjogge wy by it ynrjochtsjen nei de mooglikheden om by it wetter te kommen en hoe't wy de situaasje ferbetterje kinne."

Angelsportferieningen moatte sels in fersyk yntsjinje om yn harren omjouwing in VISparel te krijen, op it stuit binne der fiif yn Fryslân. It wetter yn Dokkum is geskikt as VISparel, "der is net allinnich in moaie natuerlike omjouwing, it is ek noch in wetter wat in goeie fiskstân en in grut skala oan fisksoarten hat. Der wurdt al in soad fiske, mei it oanlizzen fan de VISparel is it echt in peareltsje wurden."

Petear mei Tamme Smit, meiwurker Sportvisserij Fryslân

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

It fiskplak is, lyk as de oare VISparels, in pear moannen lyn al iepene, mar troch de corona koe in seremoanje noch net plakfine. Yn dy tiid is der al in soad fiske, ek troch Wiebe. "As it moaie waar der by is, dan kin ik hjir yn de simmer wol in pear kear yn 'e wike sitte, ik ha dizze simmer ek moai wat fongen." Ek as it moaie waar har net sjen lit, is Wiebe net tsjin te hâlden, "dan set ik gewoan in paraplu op en sit ik moai drûch.'

Leadfrij fiskje

Fiskje mei lead wurdt no noch dien, mar de sportfiskerij wol yn de takomst hjir fan ôf. Op de buorden dy't by it VISparel Tolhuispark steane, stiet dat mei lead fiskjen yn dizze fiver net tastien wurdt. "Yn 2027 sille wy fan de sportfiskerij Nederlân leadfrij fiskje. Lead is skealik foar it miljeu en de minsken, mar ek foar fisken is it net goed. Wy spylje dêrop yn, pilotgebieten sa as hjirre wolle wy no al leadfrij hawwe sa't de oergang stadichoan giet."

De ferieningen wolle it foar de minsken ek mooglik meitsje om sûnder lead te fiskjen: "Wy hawwe by de lokale angelsportwinkeliers yn Grou, Ljouwert en Dokkum goeie leadferfangers brocht, minsken kinne harren lead dan ynruilje foar in goed alternatyf. De earste tritich kilo lead is fan maaie ôf oan al ynlevere!"

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Petear mei fisker Wiebe en meiwurker fan Sportvisserij Fryslan Tamme Smit

(advertinsje)
(advertinsje)