Raad voor de Leefomgeving: boaiemdelgong yn feangreide moat keard wurde

It kabinet moat mear dwaan om boaiemdelgong yn feangreidegebieten tsjin te gean. Dat stiet yn in advys fan de Raad voor de Leefomgeving en Infrastructuur.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Fryslân hat flink wat fan dat feangreidegebiet. De boaiem fersakket, om't it fean ynklinkt. Dat komt ûnder oare trochdat boeren dy't der buorkje it grûnwetterpeil ferleegje om foar te kommen dat har lân te wiet wurdt. It fersakjen fan de boaiem giet te'n koste fan de natuer en it wetter, seit de Raad voor de Leefomgeving. En drûchlein fean tsjit CO2 út.
De ried fynt dat der in omslach komme moat yn it wetterbehear fan feangreidegebieten. Sa soe der in wetlik maksimum komme moatte foar boaiemdelgong.

Sônekaarten foar eltse provinsje

Der soene foar eltse provinsje 'zoneringskaarten' komme moatte, dêr't krekt op stiet hoe heech oft it grûnwetterpeil krekt wurde moat. Wol fynt de ried dat boeren in kompensaasje krije moatte, om't it heger lizzen fan it grûnwetterpeil grutte gefolgen hat foar boeren.
Lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter