Bysûndere iuwklok skonken oan de kolleksje fan Museum Joure

03 sep 2020 - 15:50

Museum Joure hat in bysûndere skinking krigen: in saneamde 'iuwklok.' Dat is in klok dy't op sa'n wize makke is dat de klok 100 jier lang rinnen bliuwe kin, sûnder de klok lyk te setten. Dat betsjut dat alle skrikkeloeren en -dagen deryn ferwurke binne. De klok is yn de jierren 30 makke troch arbeider Uilke Stinne (1881-1950) fan Stiens. Syn pakesizzer Mary Stinne hat de klok oan it museum jûn.

De iuwklok yn Museum Joure - Foto: Museum Joure

Uilke Stinne wie letter ynstrumintmakker by de Spoarwegen. Hy hat sa'n fjouwer jier dwaande west mei it bouwen fan de iuwklok, dy't yn 1938 klear wie. De basis is in oerwurk fan in Fryske slypboerdklok. Dêr hat Stinne sa'n 15 meganiken oan makke foar alle oantsjuttingen dy't nedich wiene.

Bysûnder is dat de klok net allinne de Nederlânske tiid, mar ek dy foar Noardeast-Ynje en Noard-Amearika oanjout. Der binne trommels dy't de tiid oanjouwe, wizers binne der net.

Earste iuwklok

It museum op De Jouwer hat in grutte kolleksje oan klokken, mar dit is de earste iuwklok. Wat it spesjaler makket is dat der in wiidweidige dokumintaasje by is mei beskriuwingen fan alle ûnderdielen.

Museum Joure op De Jouwer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Ik vond dat de klok weer naar z'n roots terug moest," seit Mary Stinne fan Waalwijk. Sy is de pakesizzer fan Uilke Stinne. "Ik heb gezocht naar een museum in Fryslân en zo kwam ik bij Joure uit. De klok stond bij mij de laatste jaren in de garage. Het is een beetje sneu, hè. Ze reageerden meteen heel positief bij het museum. Het was ook heel fijn dat ik hele beschrijvingen bij de klok had. Mijn grootvader heeft een schrift helemaal vol geschreven over hoe hij die klok gemaakt heeft. Dat is vast van belang geweest."

Foar eltse soan in klok

Mary Stinne fertelt dat it net de iennige iuwklok yn de famylje is.. "Mijn opa was een bijzondere, sympathieke en altijd vriendelijke en behulpzame man. Hij was instrumenten- en dus ook klokkenmaker. Pake woonde na Stiens in Amsterdam, daarna in Haarlem. Hij had twee zoons en voor allebeide zoons heeft hij een eeuwklok gemaakt. Voor de jongste zoon Dirk maakte hij ook een, die staat nu bij mijn neef Uilke. Dat was zijn eerste, waar hij zeven jaar aan gebouwd heeft. Die heeft mijn opa aan zijn jongste zoon gegeven, die naar Nederlands-Indië emigreerde."

Mary Stinne fan Waalwijk

Tige wiis

Direkteur Iris Nutma fan Museum Joure is tige wiis mei de oanwinst. "Hy rint net, sa hawwe wy 'm ek krigen. It soe moai wêze as wy it oait wer oan de praat krije. Hy hat de iuw net helle, mar dat komt om't er earder ris skansearre is. It is wol bysûnder om sa'n klok mei sa'n grut ferhaal derby te krijen. Us konservator fertelde my it ferhaal, ik hie der noch nea fan heard. Wy hawwe in hiele grutte kolleksje fan klokken en oerwurken. Dêr is dit in moaie oanfolling op. It lit ek de oandacht sjen dy't de makker derfoar hân hat."

Direkteur Iris Nutma fan Museum Joure

(Advertinsje)
(Advertinsje)