Reinder Schaap ynstallearre as honorêr konsul foar Roemenië

Op it gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân yn Snits wurdt tongersdei Reinder Schaap fan Heech ynstallearre as honorêr konsul foar Roemenië yn Noard-Nederlân. Schaap is dat al sûnt febrewaris, mar troch de corona-útbraak liet it offisjele momint efkes op him wachtsje. Schaap hat in oantal jierren yn Roemenië wenne en syn taak is it oanheljen fan ekonomyske en kulturele bannen tusken it lân en Nederlân.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
"Ik ha trije jier yn Roemenië wenne en foar de Nederlânske oerheid wurke. Doe't ik yn 2015 mei pensjoen gie, bin ik yn kontakt bleaun mei it lân en ek mei de Roemeenske ambassade yn Den Haag. Op in gegeven stuit hiene se yn it Noarden gjin honorêr konsul mear", fertelt Schaap. Sa kaam hy op de funksje telâne.

Ekonomyske en kulturele kontakten

In honorêr konsul is in persoan dy't oansteld wurdt troch de oerheid om har belangen en dat fan har boargers te behertigjen yn in oar lân. "De konsul hat yn prinsipe trije taken. Konsulêr, dus it helpen fan Roemenen dy't hjir yn de problemen sitte, ekonomyske relaasjes ferbetterje en kulturele kontakten fersterkje", leit Schaap út.
"Mar dat konsulêre diel is de ôfrûne jierren folle minder wurden. Oan de iene kant trochdat lannen as Roemenië no yn de EU sitte en minder problemen hawwe." Oan de kant binne guon taken wer yngewikkelder wurden en dêrom sintralisearre.

Gearwurking

It giet no dus benammen om belangebehertiging. "Roemenië is best in yngewikkeld lân, mar we kinne bêst wat oan elkoar hawwe. Yn Roemenië lizze de produksjekosten folle leger, mar sy hawwe wer net de technyske kennis en merk dy't wy hawwe", leit Schaap út. "Roemenië hat in grut lânboupotinsjeel, wylst dêr hjir in soad druk op leit. Dêr is romte kwa oerflak en kwa ûndernimmen."
Schaap wurdt tongersdeitemoarn op it gemeentehûs fan Snits ynstallearre. It honorêr konsulaat fan Roemenië yn it Noarden sit sels yn Heech. "Ik bin berne yn de eardere gemeente Raarderhim, dat is ûnderdiel fan Súdwest-Fryslân. Dêrmei kom ik no ek wer in bytsje thús."
Reinder Schaap fertelt oer syn wurk as konsul