Fanfare Wikel sit mei opslach fol guod no't rommelmerk net trochgiet

03 sep 2020 - 09:59

Wa hat nocht yn sân karren mei guod foar in rommelmerk? Dêr besiket Fanfare Melodia Wijckel efter te kommen. Op 12 septimber soe der in grutte rommelmerk wêze, mar fanwegen it coronafirus stiet it opslachhok noch hielendal fol. De fanfare fan Wikel siket dêrom ien dy't alles yn ien kear opkeapje wol.

Foto: Fanfare Melodia Wijckel

"Wy hiene net tocht dat it allegearre trochgean soe, dat wie al gau dúdlik," seit foarsitter Christina Boonstra. "Mar wy hawwe in lid dat al jierren foar ús guod sammelet. Dus dat giet wol troch, dat hok komt wol fol. It leit moai ûnder dak, mar as wy it kwyt kinne dan soe dat moai wêze. Wy rinne no ús ynkomsten mis. Dy rommelmerk is wol de meast wichtige ynkomsteboarne fan it jier."

Wichtige ynkomsten

De fanfare wol it no eins yn ien kear kwyt. "De man dy't it sammelet, is yntusken 84, dus hy hat ek gjin nocht om der eltse kear wer hinne te gean foar wat lyts. As wy op in sneon foar in lytse 5.000 euro ferkeapje, sizze wy no net: foar in pear hûndert euro is it klear. Ik hoopje dat der wat hannelers binne mei ynteresse. It measte sit yn doazen pakt. Oars binne wy in wike yn 't foar oan it útpakken, dan komme je it tsjin. Dus it is no de fraach wat je tsjinkomme, mar alle jierren fine wy eins wol prachtige dingen."

Foarsitter Christina Boonstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)