Kollum: "Oardel meter"

03 sep 2020 - 08:32

"Ik hie al in hiele kollum oer Ferd Grapperhaus en syn brulloft klear. Ik liet 'm alle hoeken fan 'e keamer sjen, of no ja, op myn manier. Boa's dy't boeten útdiele oan minsken dy't gjin oardel meter ôfstân hâlde, en dan te hearren krije 'Ferd! Brulloft!' mei húnlaitsjen der efteroan.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Oer freelance fotograaf Ferry de Kok, dy't spesjalisearre is yn paparazzi- en entertainmentfotografy, neffens syn twitteraccount 'ishootpeople_nl', wat my in trigger liket foar justysje, mar dêr giet it no net om. Hy wie it dus dy't yn 'e boskjes lei en dy foto makke fan de minister en syn gasten. En oer dat Ferry in tûk ûndernimmer is, want hy wist dondersgoed dat hy in scoop te pakken hie.

Hy publisearre ien foto, in wike lyn. Mar dat wie net alles, want by SBS Shownieuws kaam hy tiisdeitejûn mei noch mear foto's. Woansdeitemoarn wie hy op Radio 538 - ja, Ferry wit syn kanalen wol te finen - en sei der doe oer: 'Ik heb nog honderden foto's liggen, er komen nog wel een paar naar buiten.' Mar net allegearre tagelyk, want 'Als ik dat doe, verdien ik maar één keer wat." Ferry snapte it spul better as Ferd.

In kollum dus oer dat je dus in strafblêd krije foar it oertrêdzjen fan de oardelmeterregel, en dat strafblêden fiergeande konsekwinsjes ha. Dat de minister dy dus net kriget. Oer dat we dy foto's op himsels net iens nedich ha om te snappen dat dit in probleem is. Net om it ôfstân hâlden. Want dat slagget hast net ien altyd. Sa't ek elkenien wolris in stikje oer in stoepe fytst. It mei net, mar we ha ek noch in libben, mei bern dy't earne hinne moatte of sop dat noch op it fjoer stiet en dan nimme we de koarte wei en dat is soms op 'e stoepe. We meitsje der net in gewoante fan, sjogge út, en dat is de reden dat we der gjin boeten foar krije. As it meisit.

It punt is fansels dat Ferd Grapperhaus de minister is dy't oer strafblêden giet, dy't útdield wurde om't minsken harren net oan de oardelmeterregel hâlden hawwe. Dy't dy boeten oanfjochtsje foar in rjochter, en as je foar de rjochter stean dan efkes in printsje toane fan de foto fan Ferry de Kok, is it foar in rjochter wol wat lestich om noch fol te hâlden dat in strafblêd terjochte is.

Mar ik skriuw dizze kollum op woansdei en op woansdei, juster foar jim, wie der in debat oer it coronabelied. En foaral kamen der yn 'e rin fan 'e dei fûle reaksjes fan de opposysje oer nije foto's fan Ferd en syn brulloft. Dat it kin best wêze dat Ferd by it ôfspyljen fan dizze kollum dus gjin minister mear is. Yn dat gefal sis ik: terjochte! As dat net sa is: no ja, sis! It folk is net gek, wêrom moatte we dat Den Haag sa faak fertelle! Yn alle gefallen koe ik myn kollum dus wol fuortsmite. Ik siet te ticht op it nijs en/of ha gjin tiid om de kollum moarns betiid noch te meitsjen. Dus!

Ik fertel jimme graach oer wat oars. Oer wat moais. Foar Radio 4 ha ik de ôfrûne tiid in pear jonge muzykteätermakkers folge, dy't oan it begjin fan 'e simmer frege waarden om in alternative seizoensiepening te meitsjen foar De Nationale Opera. Gewoanlik wurde operafoarstellingen trije of fjouwer jier yn it foar al betocht. No hiene se noch gjin trije moannen. De plande opera, Mefistofele, gie net troch, troch de maatregels tsjin de fersprieding fan it coronafirus. It betsjut nammentlik dat der folle minder minsken yn 'e seal sitte kinne, dat it tige yngewikkeld is om artysten út it bûtenlân op it poadium te krijen, en dat yn 'e útfiering rekken hâlden wurde moat mei de oardelmeterregel. Sterker noch: as minsken sjonge, is it noch mear as oardel meter.

Sa komme de jonge hûnen Manoj Kamps en Lisenka Heijboer Castañon oan dit putsje, en ik lei harren parkoers fêst mei de mikrofoan. Ik wie tiisdeitejûn by de foargenerale, en ik wie der ta triennen ûnder oandien. Sa prachtich. Ik kin lang net alles fertelle, mar se hiene in bernekoar en berne-akteurs ta harren beskikking, en bern meie folle mear yn dizze tiden. Dat sette se sa hertferskuorrend yn, dat ik meardere kearen fol skeat. Om de bizarre situaasje dêr't we yn sitte, en de pracht fan it jonge dat der op de púnheapen bloeit. En om de krêfttoer dy't dizze produksje is, foar De Nationale Opera, foar Manoj en Lisenka en foar alle meiwurkers. Tink allinnich mar ris oan de ynspanning om oardel meter ôfstân te hâlden by it meitsjen fan in teäterproduksje. En ik sjoch nei dy, Ferdinand Grapperhaus.

Sneon de premjêre. Alle foarstellingen binne al útferkocht, mar der wurdt in fideoregistraasje fan makke foar dno.nl. Hâld dat yn 'e gaten."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)