Gemeenteried Harns wol amtlike húsfesting yn sintrum stêd

Amtners fan de gemeente Harns krije nei alle gedachten harren nije wurkplak yn it sintrum fan de stêd. Dêr stimde woansdei in grutte mearderheid foar yn de gemeenteried. Der koe keazen wurde út fjouwer plannen, mar it kolleezje hie al oanjûn in foarkar te hawwen om yn it sintrum it besteande gemeentehûs út te wreidzjen. Op dit stuit is de amtlike organisaasje fan de gemeente ferdield oer fiif lokaasjes yn de stêd.
It gemeentehûs fan Harns oan de Noorderhaven © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Twa jier lyn sette de syktocht nei in nij ûnderkommen útein, doe't út ûndersyk bliken die dat de hjoeddeistige húsfesting net mear foldocht oan de gebrûkswinsken en ek net enerzjysunich is. De wurknimmers wurkje no op fiif ferskillende lokaasjes yn de stêd, mar dat moat mear by elkoar komme.
De gemeenteried ûndersocht fyftjin lokaasjes. De fjouwer oerbleaune senario's binne renovaasje fan de Waddenpromenade, nijbou by de nije brânwachtkazerne oan de N31, renovaasje fan it stedhûs en de Groenlandsvaarder, en nijbou oan de Westerseedyk.
Alle plannen binne toetst op duorsumens, finansjele helberens, oantreklik wurkjouwerskip, boargers en besikers, en belied en lokaasje. Der wie earder noch in lichte foarkar foar nijbou oan de Westerseedyk, mar dy leit no dus by renovaasje fan it besteande plak yn it sintrum.

Ferdjipjend ûndersyk

De opsje fan de lokaasje yn it sintrum fynt de ried it oantreklikst, om't dy past by de identiteit fan Harns, werkenber en sichtber is. Grut foardiel is dat it bestjoerlike en in grut part fan de amtlike organisaasje sa ûnder ien dak komme. It biedt de gemeente ek de kâns om te sjen hoe't monumintale pannen ferduorsume wurde kinne.
It sintrumplan kostet sa'n 7 miljoen euro en wie dêrmei op ien plan nei it goedkeapste. Foar dat plan moat in oantal pannen oanskaft wurde. Der komt earst noch in ferdjipjend ûndersyk, wêrnei't der noch in kear stimd wurde sil.
As der út dat ûndersyk lykwols gjin opmerklike resultaten komme, liket dy lêste stimming in formaliteit. "Het lijkt ons een hele mooi keuze, maar we gaan nog verdiepend onderzoeken of het plan echt voldoet aan de eisen voor modern werkgeverschap en of het kostenplaatje toch niet tegenvalt uiteindelijk", seit wethâlder Harry Boon fan kolleezjepartij CDA.
Wethâlder Harry Boon (CDA)
Ien fan de pannen dêr't de gemeente no yn wurket, oan de Voorstraat © Wikimedia Commons
It CDA hie woansdei noch wol wat fragen en opmerkingen oer it plan. De partij stimde earst tsjin en dêrnei foar. Ien fan soargen gie oer de oankeap fan de nedige pannen yn it sintrum. CDA'er Hendrik Sijtsma is benaud dat, no't dúdlik wurden is dat de pannen nedich binne foar de útwreiding, de priis tefolle omheech giet.

Oare plannen ûndersykje

De partij soe ek graach de oare plannen noch goed ûndersykje litte wolle. "Ast foar ien senario kiest, silst nea witte wat it alternatyf ús bringe soe. Je moatte oan ynwenners útlizze kinne wêrom't je earne foar keazen hawwe en wat de konsekwinsjes binne", seit Sijtsma. Om it proses net te fertragen stimde de partij derom úteinlik foar it sintrumplan.
De kommende perioade wurde de plannen útwurke en wurdt der in ûntwerp makke foar de ferbouwing. Pas dêrnei wurdt in definityf beslút naam. De ferwachting is dat de útfiering yn 2022 úteinset en yn 2023 ôfrûne is.
CDA-fraksjefoarsitter Hendrik Sijtsma