Auto op 'e kop yn de sleat by Miedum

03 sep 2020 - 06:34

Oan de Canterlandseweg tusken Lekkum en Miedum is woansdeitejûn in auto yn de sleat bedarre. De auto rekke troch ûnbekende oarsaak fan de dyk en kaam op 'e kop yn de sleat ta stilstân.

Foto: Anton Kappers

De helptsjinsten waarden ynskeakele om't net bekend wie oft der noch minsken yn de auto sieten. By oankomst fan de plysje en ambulânse die bliken dat de ynsitters sels al út de auto klommen wiene. Ynset fan de brânwacht wie dêrom net mear nedich.

De ynsitters binne troch it ambulânsepersoniel neisjoen. In berger hat de auto út de sleat takele en ôffierd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)