KNSB presintearret ynkoarte maraton-kalinder: twa kear nei Thialf, finale yn Ljouwert

02 sep 2020 - 19:47

De Maraton Cup by it reedriden telt dit seizoen fanwegen it coronafirus twa wedstriden minder as normaal. Dat hat de KNSB woansdei bekend makke. Hjirtroch stean der noch mar tolve wedstriden op it programma, wêrûnder twa wedstriden yn Thialf op It Hearrenfean en de Maraton Cup-finale is dit jier yn de Alvestêdehal yn Ljouwert.

Carien Kleibeuker op kop fan it peloton - Foto: www.orange-pictures.nl

"Alle preventieve maatregelen om bij wedstrijden iedereen zijn werk te kunnen laten doen kosten extra geld", seit Willem Hut, de dissiplinemanager Maraton by de KNSB. "Bovendien kunnen we maar beperkt publiek toelaten en op bepaalde locaties kunnen we alleen genodigden ontvangen. We zullen keuzes moeten maken."

Hut ûnderstreket dat it programma noch wol ûnder foarbehâld is. As it coronafirus wer oprukt en de situaasje wiziget, kin de kalinder der ynienen hiel oars útsjen. "In dat geval kunnen we snel schakelen", seit Hut. "Dit hebben we de afgelopen weken ook uitgebreid besproken met de betrokken platforms van teams en rijders."

Thialf en de Alvestêdehal

De earste wedstriid op Fryske boaiem is de tredde yn de Maraton Cup-rige. Dy wurdt ferriden op 7 novimber yn Thialf. Ek de njoggende wedstriid is yn Thialf, op 30 jannewaris 2021. It slotstik hat plak yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. Op 27 febrewaris 2021 is dêr de finale fan de Maraton Cup.

Op 24 oktober set it seizoen tradisjoneel útein yn de iepenloft mei de maraton op de Jaap Edenbaan yn Amsterdam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)