FNP net bliid mei 'Friesland style'

02 sep 2020 - 19:46

In miste kâns, sa neamt de FNP de nijste toerismekampanje fan Merk Fryslân, dy't rjochte is op it eigen Fryske publyk dat yn eigen omkriten op fakânsje moat. De FNP is der net wiis mei dat der yn de reklame op bygelyks posters en bussen konsekwint 'Friesland' stiet yn stee fan 'Fryslân.' De partij hat skriftlike fragen yntsjinne by Deputearre Steaten.

Foto: Merk Fryslân

Sijbe Knol fan de FNP hie leaver sjoen dat it Frysk sa wer wat mear sichtber makke wurde soe: "Dat meie wy ferwachtsje fan it organisaasje dy't syn jild fan de Provinsje Fryslân krijt." Knol wol no witte wat it kolleezje der oan dwaan sil om wer in positive draai te jaan oan de kwestje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)