Scooter oanriden oan de Ureterpvallaat yn Drachten

By de rotonde oan de Ureterpvallaat yn Drachten is woansdeitejûn in scooter oanriden troch in auto. Dêr sieten in jonge en in famke op. De bestjoerder fan de auto woe de Zonnedauw op ride, mar seach de scooter net. It famke op de scooter rekke ferwûne oan de skonk en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De jonge hie lêst fan de earm en wat skrammen.
© De Vries Media
De ôfslach nei de Zonnedauw wie tydlik ôfsletten. De hanthavening soarge foar it regeljen fan it ferkear.