Undersyk: in soad efterstallich snoeiwurk yn Eaststellingwerf

02 sep 2020 - 18:38

By mear as de helte fan alle beammen yn Eaststellingwerf kin it ûnderhâld better. Goed seis fan de tsien beammen wurde net genôch snoeid. By beammen yn de buert fan diken en fytspaden kin dat gefaarlike situaasjes opsmite fanwege fallende tûken. It kolleezje wol wat dwaan oan it efterstallich ûnderhâld.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De gemeente hat in stekproef dien om te sjen hoe't it mei de beammen is. As it snoeiwurk no dochs noch útfierd wurdt, kostet dat 480.000 euro. Boargemaster en wethâlders stelle no foar oan de gemeenteried om de beammen by diken en paden yn de doarpen foarrang te jaan. Dy wurde dan ien kear yn de seis jier snoeid. Bûten de beboude komt wurde beammen ien kear yn de njoggen jier oanpakt.

Wethâlder: 8.000 it jier foar ûnderhâld

"In de gemeente Ooststellingwerf staan heel veel bomen: 36.000 gemeentelijke bomen. Na onderzoek is achterstallig onderhoud geconstateerd, ook wel met bepaalde plekken waar zoveel dood hout is dat het gevaarlijk is. We willen graag een voorstel doen aan de gemeenteraad om 80.000 euro per jaar beschikbaar te stellen om dit op te lossen. We hadden ook al wat geld gereserveerd voor het onderhoud van de bomen, dus ik hoop dat ze dit gaan vrijgeven," seit wethâlder Esther Verhagen.

Lyts snoeibudzjet wie in kar

It bliuwt in feit dat it giet om efterstallich ûnderhâld. It hie earder barre moatten. "Er is een keuze gemaakt om met een klein budget de bomen te onderhouden, dat heeft als gevolg dat veel bomen niet goed onderhouden zijn. We hebben wel altijd gekeken naar drukke plekken, er is meer onderhoud geweest bij wandel- en fietspaden bijvoorbeeld. Maar er zijn ook veel bomen verder van de weg of in een buitengebied. Daar moeten we echt wat mee doen, we willen graag goed zorgen voor ons bomenareaal."

It giet ûnder oaren om ikebeammen, dy't de lêste jierren bekend binne mei de ikeprosesjerûp. Verhagen: "We hebben veel eikenbomen en daardoor ook veel eikenprocessierupsen. De bestrijding daarvan kost veel geld. Afgelopen jaar hebben we een pilot gedaan met twee bestrijdingsmanieren. Dat lijkt goed te gaan, maar we wachten de resultaten nog af."

Wethâlder Esther Verhagen fan Eaststellingwerf

Trefwurden: 
Eaststellingwerf beam snoeie
(Advertinsje)
(Advertinsje)