NACHTWACHT360° yn Nes: "De kearside fan de keunst"

02 sep 2020 - 18:07

Yn de Teätertsjerke fan Nes (NEF) is fan oktober ôf in bysûnder projekt te sjen: NACHTWACHT360°. Der is ûnder oare in fotografyske reproduksje te sjen fan de Nachtwacht, yn detail neimakke mei look-a-likes. Woansdei wiene de Amsterdamske makkers Hans Ubbing, Julius Rooymans en Jessica Karelsen yn Nes om dêroer te fertellen. De earste keuntwurken binne arrivearre, it is in wrâldferneamde tentoanstelling dy't hjirnei ek noch nei Tokio sil.

Foto: Theaterkerk Nes

Anke Bijlsma oer it projekt

Direkteur Anke Bijleveld is der mar grutsk op dat sy it nei Nes helje koe. "Ik haw eltse wike belle. Dit is echt de alderearste kear dat it bûten it atelier yn syn totaliteit stiet. Alles is hjir yn Nes te sjen."

Ynterpretaasje

Sy leit út wêr't it NACHTWACHT360° eins foar stiet: "It betsjut eins: de kearside fan de keunst, dus der is ek in efterkant fan de Nachtwacht. In ynterpretaasje fan de fotograaf. Wy hawwe in grut projekt yn de teätertsjerke fan Nes. De hiele tentoanstelling mei kostúms en helms hat allinne yn it atelier fan Hans Ubbink yn Amsterdam stien. De Nachtwacht sels hat ek yn it Rijksmuseum west en yn Miami."

Dêrfoar is goed nei it wurk fan Rembrandt sjoen. "Sy hawwe besocht harren ynspirearje te litten troch de orizjinele Nachtwacht fan Rembrandt. Sy binne yn it libben fan dy tiid dûkt en alle klean binne hiel sekuer neimakke. It projekt rûn echt út de klauwen. Der waarden ek look-a-likes socht en sa hawwe sy it hielendal yn sêne set yn it atelier. Julius Rooymans is de fotograaf dy't dit allegearre betocht hat."

Keunstner Gerrit Breteler - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Yn de tsjerke is ek wurk fan keunstner Gerrit Breteler fan Nes te sjen. "Myn muzykkarriêre kin no efkes net fierder, dus ik tink ik set mar wer útein mei skilderjen. Ik bin in leafhawwer fan Rembrandt. En doe kamen sy mei dit projekt en mei de foto's. Mar de skilderkeunst moat der ek by. Dus ik haw meiskildere en dat is ek nochris filme. Dat is nijsgjirrich, want wa hat der doel oer hoe't sa'n skilderij ûntstiet. Ik haw in part fan de Nachtwacht neiskildere, mar ik haw de look-a-likes brûkt fan de foto. Dus ik haw in nije Nachtwacht makke, mei de look-a-likes. It is frij nei Rembrandt."

Neffens him is it gjin ôfbraak fan it orizjineel. "Nee, want it is in hiele oare dissipline. It is op sa'n wize just goed om út te sykjen wêrom't Rembrandt eins sa geniaal wie en it net allinne te roppen."

Keunstner Gerrit Breteler

(Advertinsje)
(Advertinsje)