FIDEO: Hoe is it no mei vlogger Merijn Bouma?

Fytsgids en Fries-om-utens Merijn Bouma koe net lang genietsje fan it toeristeseizoen yn Barcelona. Ein july is de stêd op 'oranje' set en sûnt in wike jildt koade oranje foar it hiele lân. Dat betsjut dat Nederlânske toeristen yn karantêne moatte as se út it lân komme. Foar Merijn betsjut it dat er sûnt it begjin fan corona mar ien moanne oan it wurk koe. No tinkt hy deroer om oar wurk te sykjen.
Merijn Bouma
Merijn Bouma hat meiwurke oan it vlogprojekt 'Berjochten út it hert' fan Omrop Frysân. In netwurk fan minsken út de hiele provinsje wei hat yn maart, april en maaie fideodeiboeken makke om fan binnenút oan de provinsje sjen te litten wat der krekt spilet yn de coronakrisis.
Mear vlogs fan Merijn Bouma en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.