Boargerinisjatyf Land van Ons op keapjacht yn Fryslân foar bioferskaat

02 sep 2020 - 17:15

In lanlike koöperaasje dy't him ynset foar duorsume lânbou hat foar it earst yn Fryslân in stik lân kocht. It giet om in stik greide by De Trieme. Dêrmei wol de organisaasje in bydrage leverje oan de biodiversiteit. Want boeren, dy't feriene binne yn lânbou-organisaasje LTO, dogge dêr net genôch oan.

Land van Ons op keapjacht yn Fryslân

Biodiversiteit spilet al sechstich jier en al dy tiid hat boereorganisaasje LTO neat foarinoar krije kinnen, seit Franke Remerie fan Land van Ons. Alles is achterútgien. De oerheid en natuerorganisaasjes hawwe dêr ek net folle oan bydrage kinnen.

De koöperaasje hat achttûzen leden en se binne no in moanne of tsien aktyf. Yn april hawwe se it earste stik lân oankocht. It stik greide by De Trieme is de fjirde oankeap. Land van Ons wurdt troch de leden sels wiisd op gaadlik lân dat te keap stiet.

Koesterje

De organisaasje hat gjin fertsjinmodel. It is harren te dwaan om de ferbettering fan de omjouwing dêr't minsken yn libje. Ferjit de euro's, seit Remerie. It giet om werstel fan de biodiversiteit. Akseptearje dat in moaie en nijsgjirrige omjouwing in soad jild wurdich is en dan moatst it net mear oer rest hawwe. Want de rest hat foar in soad problemen soarge yn dit lân, yn de hiele wrâld. Remerie wie ûnder de yndruk doe't er ôfrûne maitiid foar it earst it stik greide by De Triemen seach: Dit moatte jo koesterje.

Franke Remerie en Erik Boven op harren stik grûn. - Foto: Omrop Fryslân

Franke Remerie

(Advertinsje)
(Advertinsje)