Ritse de Jong: fan topmodel nei rapper by Fokke Simons

02 sep 2020 - 16:43

Yn 2017 waard er twadde yn Holland's Next Top Model, mar Ritse de Jong út Nijemardum hat foar in oare karriêre keazen: hiphop. Hy sit yn de formaasje Fokke Simons. Se hiene noch mar ien nûmer útbrocht, Fancy, en doe frege de sjongster Maan al oft se yn it foarprogramma fan har clubtour spylje woenen.

Ritse de Jong (20) draaft fan fotoshoot nei casting en werom. "En tussendoor muziekmaken natuurlijk." It giet eins hiel goed mei de hiphopformaasje. "Ja, het gaat heel goed. We werden opgepakt door best serieuze partijen toen we Fancy hadden uitgebracht, en toen natuurlijk met de clubtour met Maan kwamen we op grote podia. Ook voor dit festivalseizoen hadden we heel veel op de agenda staan."

Shows mei Maan

De Jong hie al earder yn kontakt west mei Maan. "Ik had al een beetje contact met haar, en toen vroeg ze mij om een rol te spelen in een van haar clips. Op een gegeven moment begonnen wij met Fokke Simons muziek te maken, dat heb ik haar laten horen op een moment dat we elkaar zagen, en dat vond ze wel vet." Maan wie net hielendal ûnbekend mei de jonges. "Ze kende de andere jongens ook, en we hadden al een optreden gedaan in de Chicago Social Club in Amsterdam, dat ging ook supergoed. Na één show vroeg ze ons al."

Der wiene njoggen shows ynpland mei Maan, mar nei fiif moasten se al ophâlde om't troch corona de rest fan de shows net trochgie. Op it stuit is Fokke Simons al wol wer begûn mei repetearjen: "We hebben alweer twee showtjes gedaan, en bleven altijd wel doorgaan met muziek maken. Vanochtend hebben we een shoot gehad voor nieuwe foto's, dus we blijven altijd wel bezig. Er zijn nu niet veel optredens, en het is allemaal met zittend publiek, maar er zijn wel gewoon shows en ik hoop wel dat we binnenkort weer geboekt worden."

Model of hiphop?

In sittend publyk by in hiphopoptreden is dochs wol in frjemde gewaarwurding yn dizze tiden, dûnsje en springe is fansels net mooglik. "Het was wel even wennen, het publiek doet wel leuk mee, maar voor de rest kun je ook niet zo veel. Ze mogen niet eens meezingen."

As Ritse in kar tusken modellewurk en hiphop meitsje moast, dan leit syn passy yn it meitsjen fan muzyk. "Het gevoel van op het podium staan, er gewoon een feestje van maken en dat overbrengen op anderen, dat geeft me echt een heel goed gevoel. Modellenwerk vind ik ook heel leuk, maar als ik moet kiezen dan is het toch muziek."

Fokke Simons

It liket fansels in Fryske namme, mar Fokke Simons hat neat te krijen mei Ritse syn Fryske woartels: "Het heeft niets met Friesland te maken. De jongens woonden op de Fokke Simonsstraat in Amsterdam. Dat is waar we begonnen met muziekmaken. Toen er een naam moest komen, besloten we dat te gebruiken." Al mei al dus in 'Fokking' goeie namme.

Ritse de Jong

(advertinsje)
(advertinsje)