Spannende wiken foar kultuer yn Ljouwert

It wurde spannende wiken foar kultureel Ljouwert, want de gemeenteried sil him bûge oer de kultuernota, hoe't it komt mei de kulturele briedplakken en de eveneminten. Dat is gjin maklike put, want de basis is net op oarder en der soe eins aardich wat jild by moatte. Der moatte pynlike karren makke wurde, want gemeenten sitte net hiel rom yn it jild.
Spannende wiken foar de kultuer yn Ljouwert
It probleem is dat der no al te min jild is foar de meast wichtige kulturele ynstellingen yn de haadstêd. As der neat bart, moat De Harmonie miskien wol in pear dagen yn 'e wike ticht en is poppoadium Neushoorn aanst miskien wol in leech gebou. Dat is senario A. Om dit op nivo te krijen moat der 1,5 miljoen euro by, dat is senario B. En om de ambysjes fan it ferfolch op Kulturele Haadstêd 2018 oerein te hâlden is der noch in pear ton ekstra nedich: senario C. De gemeenteried moat út dy rjochtingen in kar meitsje en dan falt net ta, no't gemeenten it finansjeel dreech hawwe.

Kultuer serieus nimme

Harry Bevers fan de VVD stimt dêryn mei. "Zonder naar het geld te kijken is ambitie C het mooist, maar ik denk dat we blij moeten zijn als we scenario B kunnen realiseren." De PvdA set ambisjeuzer yn. "Tegelijkertijd is die basis heel beperkt en zou je, als je cultuur serieus wilt nemen, moeten streven naar scenario C", aldus Mirka Antolovic fan de PvdA, de grutste partij yn de gemeenteried.
Poppoadium en kreative hotspot Neushoorn yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Fierders sil der yn de ried ek praat wurde oer it krityske rapport fan de rekkenkeamer oer de eveneminten yn it Griene Stjergebiet. De rekkenkeamer wie kritysk oer hoe't de gemeente Ljouwert mei tsjinstanners fan de festivals yn it Griene Stjergebiet omgien is. It gemeentebestjoer sil binnen twa wiken bekend meitsje wat se dêrmei dwaan sille.

Festivals

Mar hoe dan ek, de gemeente bliuwt efter de festivals stean, sa lit wethâlder fan kultuer Hein Kuiken witte. "Het is een stevige pijler onder ons cultuurbeleid. De evenementen en festivals hebben de afgelopen jaren hun toevlucht genomen tot de stad. Je ziet dat dat economisch, sociaal en maatschappelijk impact heeft op de stad. Daarnaast doet het iets met je imago: we willen graag uitstralen dat hier altijd iets te doen is. Die ambitie willen we graag overeind houden. Als we met het rekenkamerrapport ons voordeel kunnen doen om op het gebied van draagvlak in de toekomst dingen beter te kunnen doen, dan moeten we dat niet nalaten."
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Kulturele briedplakken

Ek sil der praat wurde oer de kulturele briedplakken. Yntusken binne der nije plakken ûntstien dy't de tiid krigen hawwe om harren te ûntwikkeljen, sa as it Cornelis Troost Atelier -dat tsjinwurdich de DOAS hjit-, de Westerstjerke en Zalen Schaaf. De measte briedplakken meie de kommende jierren troch, mar dat jildt net foar Zalen Schaaf, alteast as it oan it kolleezje leit. It kostet tefolle jild en kultureel sjoen bringt it neat ekstra's. It is oan de gemeenteried om te sjen wat der dan mei Zalen Schaaf barre moat.
De ried giet woansdeitejûn foar it earst te set oer dizze saak, want dan meie belutsenen ynsprekke. Takom wike sil de ried dan sels oer de saak diskusearje en op woansdei 16 septimber dan moat de ried kieze wat se allegearre wol.