Mear fleanbewegingen op Fleanbasis Ljouwert: "Moat dat no sa mâl?"

De bewenners fan de doarpen by de fleanbasis Ljouwert hawwe de lêste wiken mear lêst fan fleanerij. Yn stee fan twa kear deis wurdt no trije kear deis flein. "En der wurdt no ek jûns flein yn de simmer. Dat is ek nij", seit Geert Verf fan Doarpsbelang Marsum.
De lâning fan de earste F-35 yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De strieljagers fleane wol faker jûns, mar nea yn de simmer. "Gewoanwei fleane se tusken oktober en april yn de jûn," fertelt Verf. "No wurdt der ek al jûns flein en dat falt wol op yn it doarp.

Unbekende fleantugen ûnderskeppe

"De yntensiviteit fan de fleanbewegingen jûns hat te krijen mei de QRA-funksje dy't fleanbasis Ljouwert fan septimber ôf wer útfiert", fertelt Verf. It Quick Reaction Alert ûnderskept fleantugen yn it loftrom fan de Benelúks dy't gjin flechtplan yntsjinne hawwe en dy't harren net identifisearje.
Eltse trije moannen is it QRA op in oare fleanbasis stasjonearre. "Dat kin wêze yn Volkel, yn België of yn Ljouwert". Om't de QRA 24 oeren deis paraat wêze moat, wurdt ek jûns flein. "Dat bart no al, om't fleaners oefenje moatte om te fleanen mei in nachthelm," fertelt Verf.
It is de lêste kear dat de QRA yn Ljouwert mei F16's dien wurdt. "De folgjende kear as Ljouwert wer oan bar is en de fleantugen klear binne, wurdt de QRA útfierd mei de F-35."
© Klaas Koopmans
Net allinnich yn Marsum fernimme de ynwenners dat der mear flein wurdt, ek yn oare omlizzende doarpen ûnderfine bewenners dat, lykas yn Dronryp. "Jaseker merke wy dat", seit Peter Tange fan Doarpsbelang Dronryp. "We hawwe hjir mear lêst fan".
Dochs is it net sa dat hy yn it doarp mear minsken heart oer de fleanyntinsiviteit. "Se binne der hjir wol oan wend. Der libbet in soart sentimint fan 'we kinne der dochs neat oan dwaan'. Mar it is wol in plaach wurden. Somtiden fleane se flak boppe ús hûs dan tink ik wol 'moat it no sa mâl?'"

Petear

De foarsitter fan Doarpsbelang Marsum hat tiisdeimiddei mei oare bewenners in earste kennismakking hân mei basiskommandant Henk Doorten. Sûnt jannewaris is Doorten kommando fan fleanbasis Ljouwert. It petear hie earder noch net plakfûn yn ferbân mei corona.